Liveblog | 18 desimber 2023

112-nijs 18 desimber: Grutte partij fjoerwurk fûn yn skuorre yn Oentsjerk | Auto yn it wetter by Kollum

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 18 desimber 2023, 18:22
18:22

Automobilist bedarret yn it wetter by Kollum

Oan de Trekweg by Kollum is moandei oan it ein fan de middei in frou mei de auto yn it wetter bedarre. Sy rekke dêrby net ferwûne.
De auto einige folslein ûnder wetter.
Auto te wetter by Kollum
Auto yn it wetter by Kollum © ProNews Producties
17:23

Twa jongens oanhâlden op Skiermûntseach

De plysje fan Skiermûntseach hat twa 17-jierrige jonges oanhâlden foar belutsenens by drugshannel.
In wike lyn waard in jongen út Grinslân oanhâlden omdat hy in 'handelshoeveelheid' softdrugs by sich hie. Moandei waard in jongen fan Skiermûntseach oanhâlden.
11:35

Lêst ûnder twangsomme oplein foar opslach yllegaal fjoerwurk

De gemeente Tytsjerksteradiel hat in lêst ûnder twangsomme oplein oan in persoan yn Oentsjerk. Dy sanksje folget op de fynst fan in "grutte hoemannichte konsumintefjoerwurk en profesjoneel yllegaal fjoerwurk" yn in skuorre oan de Rengersweg yn datselde doarp.
De maatregel betsjut dat de belutsene in twangsom betelje moat by de folgjende oertreding.
fjoerwurk yllegaal stock eksploazje fjoerpylk âld en nij
Fjoerwurk (argyf) © Shutterstock
09:21

Ferkear kin wer trochride

De file tusken It Hearrenfean en Ljouwert is oplost. It ferkear kin wer trochride.
08:50

'Gjin ferwûnen by ûngelok op A32'

De file op de op de A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert is ûntstien troch in ûngelok tusken twa auto's, even foar de ôfslach nei Wurdum.
Neffens in korrespondint soenen der gjin minsken ferwûne rekke wêze.
De ANWB meldt dat de dyk yntusken wer frij is. Wol stiet der noch in flinke file.
De auto's wurde ôffierd
De auto's wurde ôffierd © SRFotografie
08:31

File op A32 troch ûngelok

Troch in ûngelok is der in file ûntstien op de A32 tusken It Hearrenfean en Ljouwert. De rjochter rydstripe is ôfsletten.
It ferkear stiet fêst tusken Grou en Ljouwert-Súd. Neffens de ANWB is de ekstra reistiid dêrtroch in lyts healoere.
Auto fan Rykswettersteat
In auto fan Rykswwettersteat © ANP