Grytsje fan Grytz & Grize: 'Mei muzyk koe ik myn depressive gefoel kwytreitsje'

Grytsje Melchers
Grytsje Melchers © Piet Douma
Muzyk is echt har baan, yn alle opsichten. Grytsje Melchers fan it duo Grytz & Grize jout muzykles op basisskoallen. En ien kear wyks giet se fuort te spyljen. Net faker, want se sit yn de lytse bern.
Har bern Melle (1) en Matsen (3) binne bot fan de muzyk, lykas Grytsje sels ek doe't se lyts wie. Fan Kinderen voor Kinderen en de Spice Girls nei it rûgere wurk fan Jimi Hendrix en Janis Joplin.
As famke wie se sljocht op meidwaan oan playbackshows. Op de middelbere skoalle siet se yn in muzykgroep mei Bruno Rummler. Se naam gitaar- en sjongles. "We spilen covers út de rûgere hoeke, fan bands lykas Nightwish en Blink 182."
Thús yn Murns by heit en mem wiene gjin bern yn de buert dy't like âld wiene as sy. Utgean die se net oan.

Depressyf

Se siet yn in donker perioade. Wie somber en depressyf. Mar de muzyk holp har dertroch.
"Mei de muzyk koe ik myn gefoel ferwurdzje, koe ik de emoasjes fiele. Foaral by swiere muzyk koe ik my gean litte en it minne gefoel kwytreitsje."
Stipe koe se wol krije, mar se hâlde it ûngelokkich wêzen foar harsels. Se is ûnwis, in tinker. En al sit se no yn in oare libbensfaze, it is dochs net oer. "Guon perioades wol it hielendal net en oare perioades giet it goed."
Sjoch hjir nei it petear dat Willem de Vries hat mei Grytsje Melchers foar Noardewyn 1 op 1:
Mei har partner Douwe van der Werff, 'de grize' yn Grytz & Grize, wennet se yn Aldemardum. Hy komt fan Wytgaard en hat lang yn de Noardeastpolder wenne. Hy liet har it gebiet Gaasterlân mei oare eagen sjen. Hoe moai oft it dêr eins is.
Grutte dreamen hat Grytsje noait hân. In sealtsje mei tritich minsken dy't harkje en rekke wurde troch de muzyk, docht har folle mear as optreden yn in grutte seal.
Se hat wolris songen yn de grutte seal fan skouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Dat wie yn Boudewijn de Groot syn programma Vreemde Kostgangers mei George Kooymans en Henny Vrienten.
"Dat fûn ik te gek, mar grutte toernees yn it bûtenlân lûke my hielendal net."

Spylje op Frânske campings

Lytsere bûtenlânske toernees hawwe der wol west. Sân kear hawwe Grytz & Grize in campingtoernee yn Frankryk dien. It wie Douwe syn idee. Hy koe wol wat Frânsk.
Winterdeis fregen se Nederlânsktalige camping-eigeners oft se komme koene te spyljen. Wie it antwurd 'ja', dan der yn de simmer hinne ride. Tintsje opsette, optrede by it diner, de barbecue of gewoan by de bar.
Sokke optredens hawwe ek in kearside: minsken harkje net altyd. Mar it avontuer op himsels wie wol te gek.
We kamen kapot werom fan fakânsje.
Grytsje Melchers oer harren campingtoernees
De oare deis alles ynpakke en nei in folgjende camping. "Acht kear spylje yn tsien dagen. It hat in soad leuke dingen opsmiten, mar we kamen kapot werom fan fakânsje."
De earste tsien jier fan it duo Grytz & Grize wie ien grut avontuer, seit Grytsje. Se hiene beide wol ûnderfining mei optreden. Douwe hat ûnder oare yn Okke Hel sitten - dêr't Piter Wilkens ek yn siet - en yn coverbands. Grytsje hie ek bandûnderfining.
Aaipop wie ferskriklik. Us serieuze muzyk paste dêr net.
Grytsje Melchers
Ast yn it Frysk sjongst, kinst al gau op Aaipop spylje. Grytsje sjocht dêr net posityf op werom:
"It wie ferskriklik. We spilen yn de grutte tinte. Gjin feestmuzyk, mar serieuze muzyk. Dat paste hielendal net. Aaipop is in te gek festival, mar muzyk is foar in soad besikers bysaak."
It duo Grytz & Grize bestiet sûnt maaie 2010. Se spilen rûnom yn Fryslân oant de pandemy kaam en alles feroare. Optrede koe net mear. De druk om hieltyd mei wat nijs te kommen wie ek fuort. En dat wie ek wol wer noflik.
Bokke Rypma, Douwe van der Werff, Grytsje Melchers en Jan Hoekstra
Bokke Rypma, Douwe van der Werff, Grytsje Melchers en Jan Hoekstra © Grytz & Grize
Tsjintwurdich dogge Grytsje en Douwe mear ferskillende dingen. Se spylje op feesten en partijen mei in band, mar ek Fryske harksankjes mei Bokke Rypma en Jan Hoekstra. Dy ôfwikseling makket dat it wer moai is om fuort te gean om te spyljen.
Grytsje wurke earder as basisskoalle-ûnderwizeres. Dêr is se ek mei ophâlden. It draaide op it lêst te min om de bern. Se besleat om muzyklessen te jaan op skoallen. "No gean ik fan skoalle nei skoalle om bern de leafde foar muzyk by te bringen."
Wobbe van Seijen en Boudewijn de Groot
Platebaas Wobbe van Seijen (links) en Boudewijn de Groot mei 'Boudewijn de Groot yn it Frysk' © Omrop Fryslân, Willem de Vries

Boudewijn de Groot

Boudewijn de Groot yn it Frysk wie in hichtepunt foar Grytsje, al wie De Groot net altyd maklik yn de kommunikaasje. "Ik tink dat er hiel bot yn syn holle siet. It koste bêst wol wat tiid foardat ik in echt petear mei him hie."
Grytsje sjongt Ik beloof, de Fryske oersetting fan Ik geloof. By de opnames yn de studio mei De Groot derby wist se soms net goed wat se dermei oan moast. As dingen oars moasten, dan slagge dat har net.
Oars hat se by opnames alles altyd ûnder kontrôle. De oplossing yn it gefal fan Boudewijn de Groot wie om de opnames mei nei hûs te nimmen. Thús beharkje en yn alle rêst sjen wat se derop betinke koe. "Dat haw ik dien. Werom yn de studio stie it der letter yn ien kear op."

Takomst

Grutte plannen of ambysjes foar de takomst hat se net. Gewoan sa trochgean. Ien kear yn de wike fuort te spyljen yn wikseljende gearstallings. Dat is genôch.

Muzyk útkeazen troch Grytsje Melchers

Artyst Titel
Janis Joplin One night stand (?)
Caroline King You've got a friend
Melanie Beautiful people
Kitty, Daisy & Lewis Mean son of a gun
Dr. John Iko Iko