Liveblog | 17 desimber 2023

112-nijs 17 desimber: Voorstreek Ljouwert ôfset om fallende stiennen

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 17 desimber 2023, 21:29
21:29

Frontale oanriding yn Twizel

Ien fan de beide auto's botste tsjin in krystbeam
Ien fan de beide auto's botste tsjin in krystbeam © SR Fotografie
Op de trochgeande dyk yn Twizel (N355) binne twa auto's mei mekoar yn botsing kaam. Beide auto's rekken by de oanriding in bân kwyt, en ien fan de beide auto's einige tsjin in krystbeam.
Ien fan de auto's soe op de ferkearde helte fan de dyk telâne kaam wêze, doe't der fan de oare kant ek in auto kaam. Hoe't dat koe, is net dúdlik. Der soe net ien ferwûne rekke wêze by de oanriding
15:15

Voorstreek Ljouwert ôfset om fallende stiennen

Voorstreek Ljouwert
Voorstreek Ljouwert © Omrop Fryslân, Alle Faber
In part fan de Voorstreek yn Ljouwert is ôfset omdat der stikken stien op de dyk fallen binne. De stiennen komme fan ien fan de gevels ôf.
In wurdfierder fan de gemeente meldt dat de dyk de hiele dei ticht bliuwt foar autoferkear. Fytsers en kuierders kinne der oan de ein fan de middei wol wer del.
It is noch net dúdlik hoe't it kin dat de stiennen losrekke binne.
In gebou oan de Voorstreek yn Ljouwert
In gebou oan de Voorstreek yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Alle Faber
13:42

Krystbeam Damwâld slachtoffer fan hurde wyn

De krystbeam op de rotonde yn Damwâld leit om. Nei alle gedachten is de beam slachtoffer wurden fan de hurde wyn. De beam is goed in wike lyn pleatst troch it doarpsbelang. It is noch efkes ôfwachtsjen wannear't de beam wer oerein set wurde kin. Oant dy tiid hinget der in read-wyt lint oan de krystbeam.
13:34

Bushokje yn Tsjom mei fjoerwurk fernield

Fan it glês is net folle mear oer
Fan it glês is net folle mear oer © Facebook (OE Wijk Rudmer Bruinsma)
Yn de ôfrûne nacht is in bushokje oan de Nieuwbuursterweg yn Tsjom fernield mei fjoerwurk. It is gefaarlik, jout oerlêst en kostet ek nochris in soad jild, skriuwt de plysje. In wykagint lit op sosjale media witte dat der mooglik tsjûgen binne. Wa't mear wit fan de fernieling, wurdt frege om kontakt op te nimmen mei de plysje.
13:13

Auto yn 'e sleat yn Damwâld

De auto yn Damwâld
De auto yn Damwâld © Kornelis Atema
Yn Damwâld is snein in auto fan de Haadwei ôf yn in sleat rekke. Helptsjinsten binne op it plak kaam en hawwe ek in berntsje kontrolearre op ferwûningen. Foar safier bekend rekke der gjinien ferwûne. De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok en in berger sil de auto fan syn plak helje.
12:24

Ponny fan de Sintrale As helle by Sumarreheide

De ponny fan Sumarreheide
De ponny fan Sumarreheide © @politie_noordoostfryslan
De plysje fan Noardeast-Fryslân hat by Sumarreheide in ponny fan de Sintrale As helle. Neffens de plysje wie de ponny wol wat ferwyldere nei syn kuier oer de provinsjale wei.
De ponny stiet op in feilich plak. "Wel willen we hem of haar voor de kerst graag herenigen met de familie", sa skriuwt de plysje. Wa't de ponny ken, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.