Hearrenfean krijt leske effektiviteit fan hikkesluter Volendam

Thom Haye baalt
Thom Haye baalt © ANP
Sportklup Hearrenfean is tsjin in pynlike nederlaach oanrûn tsjin hikkesluter FC Volendam. It duel einige yn 1-2. Hearrenfean wie wol dominant, mar it giet om de doelpunten. Wat dat oanbelanget wienen de besikers út Volendam folle effektiver.
De ôfrûne wiken gie it krekt wat better mei Hearrenfean: de Friezen wienen opklommen op de ranglist, al ferlear de ploech fan trainer Kees van Wonderen de lêste wedstriid wol mei 2-0 fan koprinner PSV. Hearrenfean spile tsjin Volendam mei deselde alve as yn dy wedstriid.
Opstelling sc Hearrenfean: Noppert; Braude, Van Beek, Van Ottele, Köhlert; Haye, Brouwers, Olsson; Nunnely, Van Amersfoort en Sahraoui.
Hearrenfean begûn aardich oan it duel: it earste gefaar liet noch gjin trije minuten op him wachtsjen. It skot fan Thom Haye koe lykwols keard wurde troch Volendam-doelman Mio Backhaus.
Nei de iepeningsminuten bleau Hearrenfean de bettere ploech, mar de Friezen hienen muoite mei it kreëarjen fan kânsen. Pelle van Amersfoort skeat wol in kear foar del, mar dêr hold it ek wol mei op.
Nunnely yn in fûl duel
Nunnely yn in fûl duel © Orange Pictures
Volendam hie yn de earste 25 minuten neat sjen litten, mar de earste kear dat se derút kamen wie it wol fuortendaliks raak. Bilal Ould-Chikh krige de bal nei in misser fan Oliver Braude. De oanfaller twivele net en helle hurd út. It skot ferdwûn yn de krusing: 0-1.

Hearrenfean ûnsoarchfâldich

Hearrenfean wie even fan slach nei de goal en spile minder soarchfâldich as yn it begjin fan de wedstriid. Wol wie Hearrenfean wer ris gefaarlik, dizze kear fia Osame Sahraoui, mar Backhaus hie in antwurd op de ynset fan de Noar.
Even letter hie Sahraoui wer in wichtige rol yn in kâns fan Hearrenfean. Dizze kear joech er de bal foar op Mats Köhlert, dy't mar krekt oer kopte.
Simon Olsson komt te let
Simon Olsson komt te let © Orange Pictures
Hearrenfean begûn dramatysk oan de twadde helte. Sahraoui spile Luuk Brouwers min oan en Volendam naam oer. De bal kaam by Lequincio Zeefuik dy't kalm bleau en behearske binnenskeat: 0-2.
Efkes letter krige Volendam foar it earst in kâns sûnder dat it in doelpunt opsmiet. Zeefuik stie hielendal frij yn it strafskopgebiet, mar skeat wyld oer.

Nicolaescu alert

Nei 65 minuten kaam Hearrenfean werom yn de wedstriid. Sahraoui begûn oan in dribbel yn it strafskopgebiet en krige de bal úteinlik by Ion Nicolaescu. De Moldavyske spits wie acht minuten earder yn it fjild kaam foar de ûnsichtbere Van Amersfoort en skoarde fuortendaliks: 1-2.
Nicolaescu bliid nei syn doelpunt
Nicolaescu bliid nei syn doelpunt © Orange Pictures
De goal joech Hearrenfean wer wat hoop en de ploech gie op 'e siik nei de lykmakker. De earste dy't dêr tichteby wie, wie Köhlert. De linksback helle bikkelhurd út, nei't de bal nei in hoekskop foar syn fuotten bedarre wie. Backhaus kearde lykwols stylfol.
Fan in echt slotoffinsyf wie dêrnei gjin sprake. Volendam ferdigene dissiplinearre en Hearrenfean wie net by machte om de besikers stikken te spyljen.
Troch it ferlies bliuwt Hearrenfean op 19 punten stean. Dêrmei stiet de ploech foarearst njoggende yn de earedivyzje, mar dêr kinne dit wykein noch ploegen oerhinne gean.
Tongersdei spilet Hearrenfean noch ien kear dit jier. Dan is Vitesse de tsjinstanner yn it bekertoernoai.