Foar 5.500 euro yn de siel fan Bach sjen: útjouwerij Frjentsjer jout syn bibel út

Bach syn bibel
Bach syn bibel © Omroep Zilt
Hy kostet 5.500 euro, bestiet út tûzenen pagina's en weaget sa'n 4,5 kilo: de werútjefte fan de bibel fan Bach. It boekwurk mei oantekeningen jout in unike kyk yn de siel fan de komponist.
De útjouwerij Van Wijnen út Frjentsjer hat it boek sa makke sa't er op de planke stie by Johann Sebastian Bach, doe't dy yn 1750 stoar. Mei persoanlike notysjes, wêrtroch't it hast in soarte fan deiboek is.
It boek bedarre nei Bach syn dea yn Amearika: "Daar zijn ze er natuurlijk wel verrekte zuinig op", fertelt Dingeman van Wijnen.
Utjouwerij fan Wijnen bringt Bach syn Bibel opnij út
It bedriuw moast dêrom ek hiel wat wurk fersette om de werprintinge meitsje te kinnen. "Het idee dateert al uit de jaren '90. Maar om toestemming te krijgen om elke pagina te fotograferen, dat is al heel wat."
Dat it no slagge is, is in kroan op it wurk fan de útjouwer. "Bekendheid geven aan de kennis over Bach, zijn muziek en zijn leven. Ik vind het mooi dat ik daar een steentje aan heb kunnen bijdragen."
Het is een document over Bach zoals we dat nog niet hadden.
Utjouwer Dingeman van Wijnen
Bach syn bibel jout net allinnich nije perspektiven op it leauwen, mar benammen ek op it libben fan de komponist, seit Van Wijnen.
"Het is een document over Bach zoals we dat nog niet hadden. Hij was dag en nacht met maar één ding bezig: muziek schrijven. Over zijn leven weten we wel veel van mensen om hem heen, maar brieven schrijven of dingen opschrijven deed hij eigenlijk niet."
Utjouwer Dingeman van Wijnen mei de bibel fan Bach
Utjouwer Dingeman van Wijnen mei de bibel fan Bach © Omroep Zilt
Dy persoanlike oantekeningen meitsje it boekwurk sa weardefol. "Over wat hem ten diepste bewoog, wisten we maar heel weinig", zegt Van Wijnen. "Totdat een jaar of 80 geleden deze bijbel tevoorschijn kwam."

Begeliedend boek foar útlis

Om de oantekeningen fan Bach tsjutte te kinnen, jout Van Wijnen ek noch in begeliedend boek út. "Wat zie je nou als je in die bijbel kijkt? Daar hebben we een aantal echte Bachkenners over bevraagd."
Nettsjinsteande it hege priiskaartsje kamen der fuort bestellingen binnen. Ek ta Van Wijnen syn eigen fernuvering, jout er ta.
De Bachbibel wurdt moandei presintearre yn de Martinytsjerke fan Frjentsjer. Op it oargel sil Jochem Schuurman muzyk fan Bach spylje.