Brân yn garaazje Noardwâlde ûntstie mooglik troch ôfstânsbetsjinning

Der is neat mear fan de garaazje oer
Der is neat mear fan de garaazje oer © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De ôfstânsbetsjinning fan in auto wie mooglik de oarsaak fan de brân yn in garaazjebedriuw yn Noardwâlde oan it begjin fan de moanne.
It soe net de earste kear west ha dat sa'n ôfstânsbetsjinning in brân feroarsaket. Dat seit de eigener fan it garaazjebedriuw. Hy warskôget minsken no om sokke ôfstânsbetsjinningen net by de auto te bewarjen.
Foto fan de grutte brân
Foto fan de grutte brân © BTBfotografie
It giet om in saneamd 'keyless-entry'-systeem. Dat is in systeem dat op moderne auto's brûkt wurdt. In kaai is dan net mear nedich. As de ôfstânsbetsjinning ticht genôch by de auto is, giet er automatysk fan it slot.
Foardat de brân yn de garaazje útbruts, hie de garaazjehâlder trije fan sokke ôfstânsbetsjinningen op de motorkap lein fan in wein dy't op de brêge stie. Dêr is de brân ek begûn.
Fan it garaazjebedriuw is neat oerbleaun.
"Wat net ynstoarten is, is gewoan smolten"
Trochdat de ôfstânsbetsjinningen op de motorkap leine, sochten se hieltyd kontakt mei de auto, en binne de elektryske systemen net útskeakele. Dat seit garaazjeman Pieter Woudstra. "Dan tinkt de motor: ik moat aanst starte. Dan bliuwt er aktyf."
Woudstra warskôget no om kaaileaze betsjinning net by de de auto te bewarjen. "Dat doch ik ek net mear." De ûndersiker fan de fersekering hie soks earder ek alris meimakke by in oare auto mei 'keyless entry', seit Woudstra.

Brânwacht

Woudstra is sels ek brânwachtman. Hy hie syn piper net by him doe't dizze melding kaam, mar hy seach wol it earste berjocht yn in groepsapp fan brânwachtminsken. Doe hie er noch net yn de gaten dat it om syn eigen bedriuw gie.
Hy stie mei de bern op it fuotbalfjild. De buorman belle him dêr. "Dy sei: 'De reek komt út it dak wei by jimme garaazje. It is net bêst.' Doe gienen by my alle alarmbellen ôf."
Doe't er thús oankaam, sloegen de flammen al út de roldoar wei.
Dronebyld fan de brân
Dronebyld fan de brân © BTBfotografie
It wenhûs foar de twa garaazjeloadsen bleau besparre. En der rekke gjinien ferwûne by de brân. "Aldergeloks net", seit Woudstra. "Ik hie de jonges allegearre by my en dy wolle ek noch wolris wat yn de garaazje boartsje of derachter."
Syn freondinne wie allinnich thús en dy hie der eins neat fan murken. "Dy miende dat der ien op de achterdoar sloech, mar dat wienen de bannen fan dy auto dy't klapten", fertelt Woudstra.
"Se die de doar iepen en it wie allegearre reek. Se koe it hûs útkomme, en de wyn stie goed. De buorlju hiene 112 al belle."
De Woudstra's mei Pieter yn 'e midden sjogge nei de skea
De Woudstra's mei Pieter yn 'e midden sjogge nei de skea © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Trije dagen nei de brân koe it bedriuw alwer los, yn in oar gebou midden yn Noardwâlde. Dat hie Woudstra ûnder de brân al regele, wylst er fan it fuotbalfjild weromried.
"Twa jier lyn gie Harry Lingeman mei pensjoen. Wy hawwe in goed kontakt. Hy hat in diel fan syn klanten nei ús trochstjoerd. Ik wist dat hy syn garaazje noch hielendal hie mei ynrjochting en alles der by."
Hy belle Lingeman en binnen in minút wie it regele. "Dy sei: it komt altyd goed, ik helje de biezem troch de wurkpleats en doch de kachel oan. Ik hie der al oer neitocht: as se wat wolle, dan kinne se hjir direkt wol troch."
De skea is grut
De skea is grut © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De garaazje fan de twa bruorren en heit Woudstra is in tryst oansjen. "Der is neat mear fan oer", fersuchtet Pieter.
"As ik sis: ik sil efkes nei de garaazje, dan freegje klanten: wêr moatte we wêze, by de nije of de âlde lokaasje? Dan sis ik wolris: ik gean nei de ruïne ta."
It is de bedoeling it bedriuw op it âlde plak wer op te bouwen. Der waard al wurke oan in útwreiding, de betonflier leit der al. Sa gau as de fersekerder akkoart giet, kin de bou sa los.