Twadde Amelanner oanholden foar ynsidinten mei Sunneklaas

plysje stock
plysje stock © Shutterstock.com (Bjoern Wylezich)
De plysje hat opnij in fertochte oanholden foar de ûngeregeldheden by it Sunneklaasfeest op It Amelân. It giet om in 22-jierrige bewenner fan it eilân.
Ofrûne tongersdei waard al in earste fertochte oanholden. Dat gong om in 31-jierrige man, ek fan It Amelân.
Beide fertochten binne yntusken heard en op frije fuotten. Se bliuwe wol beiden fertochte yn it ûndersyk.

Kameraploech oanfallen, auto ramd

In kameraploech fan de omrop PowNed kaam op 5 desimber nei it eilân, om ferslach te dwaan fan Sunneklaas. Dat is in feest wêrby't 'bûtensteanders', oftewol minsken fan dy't net fan It Amelân komme, net wolkom binne.
De kameraploech waard oanfallen en de auto fan PowNed waard ramd, is op bylden te sjen. De omrop hat oanjefte dien fanwegen de ynsidinten. Ek eilanners ha oanjefte dien.