Van de Pol en Brok hiene krisis op Skylge oars oanpakke moatten, fynt bestjoerskundige

Bestjoerskundige Renske van der Tempel fan de Thorbecke Academie
Bestjoerskundige Renske van der Tempel fan de Thorbecke Academie © Omrop Fryslân
"Hjir binne allinne mar ferliezers", seit bestjoerskundige Renske van der Tempel oer de bestjoerskrisis op Skylge. Neffens har hiene de boargemaster en de kommissaris fan de Kening oars hannelje moatten.
"Ik wie like ferbjustere as de minsken yn de seal, tink ik. Ik leau net dat ik alris earder soks meimakke haw", seit Van der Tempel oer de riedsgearkomste fan Skylge fan tongersdei.
Midden yn dy gearkomste makke boargemaster Caroline van de Pol bekend dat se foardroegen is as boargemaster fan Castricum. Sy waard dêr telefoanysk fan op 'e hichte brocht ûnder de gearkomste, dy't dêrfoar stillein waard.
Van de Pol leit al mear as in jier ûnder fjoer binnen de ried, mar ek de ried sels en de wethâlders fan Skylge spylje in rol by it konflikt. Foar alle partijen rint in trajekt om de ferhâldingen te ferbetterjen, dêr't 100.000 euro foar útlutsen is. Mar midden yn dat proses hat Van de Pol dus op in oare baan sollisitearre.
Van de Pol hie it oars oanpakke moatten, fynt de bestjoerskundige fan de Thorbecke Academie. "Ik fyn echt dat je dat sa net dwaan kinne."
Caroline van de Pol
Caroline van de Pol © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Yn de sollisitaasjepetearen mei Castricum hat Van de Pol ek praat oer de situaasje op Skylge. "Dat moat ek wol, want eltsenien wit ek dat it bestjoerlik dreech wie op Skylge. Mar dan is it net mear as logysk dat je oanjouwe: op dy jûn spilet in petear en dat hâldt yn dat ik net beskikber bin. Ik bin no boargemaster fan Skylge. Sa simpel kin it wêze."
As je sollisitearje op in baan as boargemaster, dan meie je dêr neat oer sizze. Dat is wetlik fêstlein, leit Van der Tempel út. "Dus it is bêst yngewikkeld as je dêr iepen oer wêze wolle. Mar yn dit gefal tink ik dat je wol in soarte 'wat as'-senario's útwurkje moatten hiene."

Gjin senario's úttocht

Soks hie ek goed mei de kommissaris fan de Kening bepraat wurde kinnen, seit sy. "Wat as ik it wurd? Wat as de ried fan Castricum my op ien set? Op it momint dat je witte dat de ried dêroer praat, krekt op de jûn datsto yn petear bist oer dyn eigen rol yn in heftige bestjoerlike krisis, dan witst datst in draaiboek klearlizzen moatte hast."
Skylge
Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"Je komme der nei alle gedachten noait efter hoe't dit efter de skerms gien is. Hy sil der grif oer neitocht hawwe", seit Van der Tempel oer kommissaris fan de Kening Arno Brok. Dy wist nammentlik wol fan de sollisitaasje.

Kostet tiid, enerzjy en jild

Van der Tempel kin it har foarstelle dat Van de Pol tinkt dat it mooglik in oplossing is as sy earne oars boargemaster wurdt. "Mar dan moatst wol goed neitinke oer de konsekwinsjes. Hielendal as der sa'n trajekt rint, dat in soad tiid, enerzjy en jild kostet. Dat fyn ik wol pittich. Ik begryp net dat je hjirmei samar eltsenien oerfalle."
Se wurde no stjoerleas efterlitten.
Renske van der Tempel oer de ynwenners fan Skylge
Skrinend, sa neamt se it sels. "Dat je, wylst dat trajekt rint, samar wat oars hawwe en de boel efterlitte." Dêr hawwe net allinne de riedsleden en wethâlders fan te lijen, mar ek de ynwenners fan Skylge.
"Sy steane der net moai op en wurde no stjoerleas efterlitten. Ik tink wol dat je dat foarkomme moatte."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Kommissaris Brok hie neffens Van der Tempel earder freegje moatten oft der ek help nedich wie. "De ried hat in moasje fan wantrouwen yntsjinne. Soks docht in ried net maklik yn 'e rjochting fan in boargemaster."
Ik kin my hast net foarstelle dat je hjir de kommende moannen noch op in wurkbere wize útkomme kinne.
Bestjoerskundige Renske van der Tempel
De boargemaster wol earst noch sitten bliuwe oant sy ein maart nei Castricum kin, mar dat sjocht Van der Tempel net goed foar har.
"It is foar de kommissaris dreech. Je kinne as ried wol it fertrouwen opsizze yn de boargemaster, mar dy is troch de Kroan beneamd. It is oan de kommissaris wat dy no ôfstimt mei de minister. Dat wurdt in drege taak. Ik kin my hast net foarstelle dat je hjir de kommende moannen noch op in wurkbere wize útkomme kinne."