Cambuur Sjoernaal: in ferfelende jûn mei in dûbele nederlaach

Cambuur Sjoernaal
Cambuur Sjoernaal © Dijks Fotografie
De goeie rige fan SC Cambuur is freed op in brute wize oan de ein kaam. Jong AZ wie mei 2-1 te sterk, nei't de Ljouwerters kâns op kâns misten. Boppedat misdroegen de fans harren wer.
De lêste thúswedstriid fan dit jier soarge dêrmei foar in soad frustraasje. Oant twa kear ta bedarren der plestik bekerkes op it fjild, wêrtroch't skiedsrjochter Wouter Wiersma fan It Surhústerfean de wedstriid tydlik stake moast.
Trainer Henk de Jong wie poerlilk nei de tiid. De oare Fryske coach, Jan Sierksma fan Jong AZ, wie wól bliid.
Alles oer SC Cambuur - Jong AZ yn it Cambuur Sjoernaal: