Liveblog | 16 desimber 2023

112-nijs 16 desimber: Arrestaasjeteam hellet persoan út hûs yn Tytsjerk nei driigjende situaasje

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 16 desimber 2023, 15:41
15:41

Opnij oanhâlding yn saak-Sunneklaas

De plysje hat opnij in fertochte oanholden foar de ûngeregeldheden by it Sunneklaasfeest op It Amelân. It giet om in 22-jierrige bewenner fan it eilân.
13:35

Arrestaasjeteam hellet persoan út hûs yn Tytsjerk nei driigjende situaasje

De helptsjinsten binne manmachtich oanwêzich yn Tytsjerk
De helptsjinsten binne manmachtich oanwêzich yn Tytsjerk © Omrop Fryslân, Feije van der Meer
De Dienst Speciale Eenheden fan de plysje hat sneon oan de Noarderein yn Tytsjerk in persoan út in hûs helle dy't neffens de plysje in gefaar foar himsels foarme. De plysje krige om 11.15 oere in melding oer de situaasje en sette grut yn.
Njonken de tsjinst waard ek in ûnderhanneler ynset. Ut foarsoarch waarden ek ferskate ambulânsen en de brânwacht oproppen. De omjouwing waard ôfset mei it each op de feiligens fan de omstanners. Om 13.30 oere waard besletten om ta aksje oer te gean. De persoan koe ûnder kontrôle brocht wurde en is oanholden om heard te wurden.
12:51

Frou ferwûne by oanriding oan de Eikesingel yn Drachten

De ambulânse by de rotonde
De ambulânse by de rotonde © SRFotografie
Oan de Eikensingel yn Drachten is sneon in frou ferwûne rekke op in rotonde. Nei alle gedachten hat der sprake west fan in foarrangsflater. De frou waard oanriden en foel op de grûn.
Omstanners hawwe har opfongen en in ambulânse ynskeakele. De plysje kaam ek op it plak om ûndersyk te dwaan. It slachtoffer is nei it sikehûs ta brocht.
09:34

Twa bestjoerders rekken freed slimferwûne by ûngelok Stynsgea

Ek de auto's rekken flink skansearre
Ek de auto's rekken flink skansearre © CAMJO media
By it ûngelok op de Uterwei (N385) by Stynsgea binne freed twa bestjoerders slimferwûne rekke. It giet om in 18-jierrige man fan Achtkarsepelen en in 29-jierrige man fan Eaststellingwerf, sa hat de plysje bekendmakke.
Fierder sieten der yn in tredde auto in 26- en in 25-jierrige frou, beiden út Smellingerlân. Ien fan har moast nei it sikehûs, de oare is op it plak sels behannele. Ferskate helptsjinsten wiene nei it plak fan it ûngelok ta riden.
09:24

Oerhingjende beam by A31 Dronryp

Op de A31 by Dronryp soarge in oerhingjende beam foar in gefaarlike situaasje. It beamke bongele boppen de rjochter rydstripe. In dykynspekteur fan Rykswettersteat wie der lykwols op tiid by. Mei in seachje is derfoar soarge dat it beamke feilich efter de fangrail foel.
07:00

Auto bedarret yn in sleat neist de A7 by Tsjalbert

De auto lei in aardich ein fan de dyk ôf
De auto lei in aardich ein fan de dyk ôf © CAMJO media
Op 'e hichte fan Tsjalbert is freed in auto fan de sneldyk ôf rekke. De auto lei mei de kont yn in sleat, in stikje foar de ôfslach Ljouwert. Ferskate helptsjinsten binne útriden foar it ûngelok, Rykswettersteat hat tydlik ien rydstripe ôfsletten.
Der wie ek in traumahelikopter oproppen, mar die mocht ûnderweis wer werom nei syn stânplak. De bestjoerder is nei behanneling troch ambulânsepersoniel oerbrocht nei it sikehûs.