Cambuur wie momentum kwyt troch omfleanend bier: "Dit soarte dingen, dêr baal ik fan"

Henk de Jong
Henk de Jong © Orange Pictures
Hoewol't Jong AZ in taktyske tsjinstanner wie, ferlear Cambuur ek trochdat der in pear kear bier op it fjild smiten waard. It helle Cambuur út de wedstriid, seit trainer Henk de Jong. "Ik fyn it sa skande."
De wedstriid moast twa kear stillein wurde en einige yn 1-2. De Alkmaarders mochten trije punten mei werom nimme yn de bus.

"Gekken dy't dat dogge"

De Jong syn analyze is dat it biersmiten syn ploech absolút net holpen hat. "Der binne in pear gekken dy't dat dogge. Mar sy dogge it op mominten dat wy dy ploech op 'e rêch hawwe", seit hy. "Dan moatte wy tweintich minuten nei binnen. De tsjinstanner fynt it hearlik. Sy kinne oerlizze hoe't se spylje wolle."
Oant twa kear ta waarden der bekerkes by de noardtribune wei op it fjild smiten. "Dit soarte dingen, dêr baal ik fan", seit De Jong.
"Wy hawwe sa'n prachtige klup en geweldige supporters, mar der binne in pear gekken dy bedjerre it. Wy binne út de wedstriid, dan is it 'kwaad al geschied.'"
Henk de Jong is dúdlik net te sprekken oer de biersmiters
De trainer seit dat syn alvetal echt wol goede kânsen krige yn de earste helte. "Dan witst dat der yn de twadde helte in kear in bal yn giet. Mar no waard alles oars, je reitsje hielendal út it ritme. Der wie mar ien yn it neidiel, dat wiene wy sels."
Oan de oare kant moat hy ek erkenne dat Jong AZ in duchtige tsjinstanner wie. Cambuur keas bewust foar de oanfal.
"Wy nimme risiko. Dan witst datst ek wolris in goal tsjin krije kinst, mar dan moatst ien mear meitsje as har. Dêr wiene wy mei dwaande."

"Dit hawwe wy net nedich"

Just dêrom is it sa skande dat in pear biersmiters derfoar soargen dat de wedstriid staakt wurde moast. "Dit hawwe wy hielendal net nedich. Wy hoege dit jier net kampioen te wurden. Wy hawwe in klup fan goud en wy hawwe noch grutter goud foar ús mei ús nije stadion. Allinne ditsoarte dingen moat derút."
Fedde de Jong baalt fan it ferlies, want Cambuur hie wol kânsen
Middenfjilder Fedde de Jong fynt ek dat it oars moatten hie. "Als je naar het verloop van de wedstrijd kijkt en naar hoeveel kansen we hebben gehad, dan moet je deze winnen. Het is gewoon super zuur."
De Jong jout oan dat it duel stillein waard doe't Cambuur just in goed momentum hie. "We wilden eigenlijk zo snel mogelijk de bal pakken en er vol op gaan, maar dan zit je vervolgens een kwartier in de kleedkamer."
Jong AZ wie gefaarlik út de counter wei, seit hy wol. "We hebben echt wel de kansen gehad om 'm over de streep te trekken. Uiteindelijk moeten we ook naar onszelf kijken."

Earerûntsje

De spilers twivelen noch wol oft se harren earerûntsje wol rinne woene. Eintsjebeslút waard dat wol dien.
"Uiteindelijk gaat het om een paar individuen en kunnen we daar niet het hele publiek voor bestraffen. Dus uiteindelijk hebben we wel besloten voor iedereen te klappen die ons is komen supporten."
Hy seit wol: "Ik hoop gewoon dat het niet meer gebeurt. Je ziet dat het heel vervelend is voor ons en dat we mede daardoor verliezen."
Jan Sierksma hat de spilers fan Jong AZ in grut komplimint jûn
Foar Jan Sierksma wie de jûn hiel oars. De Fries is sûnt dit jier trainer fan Jong AZ. Hy wurke oant in pear jier lyn noch sels by Cambuur yn de jongereinoplieding.
Sierksma fûnt it ek leuk efkes werom te wêzen. "Je komme in soad bekenden tsjin, mei Henk haw ik ek in goede bân. Dat binne gewoan leuke mominten."
De jûn waard foar him hielendal moai troch it winnen fan de wedstriid. "Dit is wêr't wy hjir foar kamen. Ik haw de jonges foarholden dat it koe. As it dan slagget, is it machtich moai."

Fan profitearre

Sierksma tinkt dat Jong AZ op de goede mominten trochpakt hat. "Wy hawwe sjoen dat Cambuur ek in pear bêste kânsen hân hat, benammen yn de earste helte. Dochs hiene wy hieltyd it gefoel dat der wat te heljen wie. Want sy spilen hiel iepen en yn de omskeakeling lei it fjild ek flink iepen. Dêr hawwe wy gewoan goed fan profitearre."