Cambuur ferliest fan Jong AZ yn wedstriid mei soad giele kaarten en biersmiters

Cambuur ferliest
Cambuur ferliest © Orange Pictures
Cambuur hie it dreech tsjin Jong AZ, it ferlear mei 1-2 fan de Alkmaarders yn in wedstriid dy't twa kear stillein waard. Dêrmei is in lange rige fan goede wedstriden foar Cambuur foarby.
De ploech ferlear foar it lêst op 15 oktober. Henk de Jong stelt al wiken deselfde spilers op om't er bot te sprekken is oer de ploech. Ek yn dizze wedstryd binne der gjin wizigingen.
Opstelling: Van Osch; Tol, Smand, Bergsma, Sylla; Van Kaam; Balk, Breij, De Jong, Smit; Uldrikis.
Jong AZ skeat nei goed njoggen minuten de earste kâns fan de wedstriid al binnen. Ricuenio Kewal krige alle romte fan de ferdigening, kaam each yn each mei Van Osch, kapte en makke de goal: 0-1.

Hoekskoppen

Cambuur joech lyk dêrnei efkes wat gefaar werom. Uldrikis skeat op de peal en de bal gie fia Maxim Dekker oer de efterline.
De Ljouwerters bleaune dêrnei yn balbesit rêstich en makken yn koarte tiid in soad kânsen. Breij krige earst de bal krekt net by Uldrikis, lyk dêrnei krige Balk noch in kâns de bal binnen te sjitten. Fedde de Jong kopte dêrnei út in standertsituaasje fan de hoekskop op de latte.
Doelpuntemakker Ricuenio Kewal is Marco Tol te rap ôf
Doelpuntemakker Ricuenio Kewal is Marco Tol te rap ôf © Orange Pictures
Cambuur hie it dêrnei efkes dreech om troch de ferdigening fan de Alkmaarders te kommen. Mar mei fiif hoekskoppen yn 25 minuten lieten de Ljouwerters wol sjen druk sette te kinnen.

Kânsen foar beide ploegen

Dochs wie Jong AZ op dat stuit it tichtst by de 2-0. Yn in grutte kâns kopte de frijsteande Finn Stam de bal krekt oer de goal hinne.
Foar Cambuur like de bal echt de goal net fine te kinnen. De kânsen waarden mear en grutter. Breij krige de bal nei sa'n 35 minuten foar de fuotten op acht meter foar de goal, hy skeat mar der siet krekt in Alkmaarske foet tusken.
Rjochting it skoft is der ek aardich wat argewaasje yn it stadion tsjinoer skiedsrjochter Wouter Wiersma fan Surhústerfean. Hy makke in pear kear it beslút gjin frije traap te jaan, dêr't dat wol terjochte like te wêzen.

Wedstriid staakt

Cambuur iepene dêrnei de twadde helte mei in achterstân, mar makke dat al hiel gau oars. De kopbal fan Uldrikis yn de 47e minút soe neist gean allinnich Stam siet dêr tusken en makke sa de 1-1.
Henk de Jong is ergere troch biersmiters
Henk de Jong is ergere troch biersmiters © Orange Pictures
Guon supporters op de noardtribune fierden dat lykwols te útlitten, in bekerke waard it fjild op smiten en de wedstriid waard in pear minuten stillein.

Opskuor troch de noardtribune

Cambuur melde him nei de fuortsetting hieltyd mear yn it sechstjinmetergebiet. Jong AZ makke doe hands mar Wiersma joech gjin penalty. Dêr wiene guon fans op de noardtribune it net mei iens, en wer waard bier op it fjild smiten.
De spilers fan Cambuur en Henk de Jong rûnen dêrop lilk nei de fans ta. De rêst fan it stadion song: "je moet je doodschamen" rjochting de noardtribune.
Dochs koe it duel trochset wurde nei't supporters fan de noardtribune sels de biersmiters út it publyk helle hawwe. Micheal Breij docht nei de staking noch in pegel fan 30 meter mar keeper Kuijsten fan Jong AZ pakt 'm. En Jong AZ sette troch rjochting de ein fan de wedstriid.
Yn de 85e minút skoart Kewal wer, dit kear út in foarset van Meerdink. Sa nimt trainer Jan Sierksma fan Burdaard 3 punten mei nei hûs.