Nije plannen foar multyfunksjoneel sintrum Burdaard roppe mingde gefoelens op

Untwerp foar MFC It Spektrum yn Burdaard
Untwerp foar MFC It Spektrum yn Burdaard © Van Manen
Yn Burdaard wurdt wikseljend reagearre op de mooglike nijbou fan in folle lytser multyfunksjoneel sintrum as dat der no is. Op tongersdeitejûn binne de nije plannen foar it MFC It Spektrum yn Burdaard foarlein oan de gemeenteried.
Fanwegen finansjele redenen sit it multyfunksjonele sintrum op it stuit yn swier waar. It soe sloopt wurde moatte en der soe in nij, folle lytser MFC by de sportfjilden foar yn it plak komme moatte.
In soad minsken hawwe wol yn 'e gaten dat de hjoeddeistige situaasje net langer kin, mar der sit ek in hiel soad frijwilligerswurk yn it gebou.
Yn 2011 iepene it MFC yn Burdaard de doarren. Eartiids hawwe tal fan frijwilligers bydroegen oan de realisaasje fan it gebou. Dêrom roppe de nije plannen by guon minsken mingde gefoelens op. Sa'n tsien doarpsbewenners sprutsen tongersdeitejûn yn by de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân.
"Foar guon frijwilligers is hjir in soad tiid yn stutsen, dus it sil sear dwaan", seit Douwe Sjirk Zijlstra. Yn de gemeenteried spruts in frijwilliger fan It Spektrum sels fan "kapitaalferneatiging".

Gearwurking

It nije sintrum sil benammen rjochte wêze op gearwurking tusken ferskate ferieningen, mei mienskiplike klaaikeamers, keukens en in kantine. "It is no in multyfunksjoneel sintrum. Mar it is grut, mei in soad funksjes dy't it net goed kombinearre wurde," leit Zijlstra út.
De nije lokaasje sil by de sportfjilden wêze. "Dat is foar ús in grut foardiel, omdat de kantine moai by de haadfjilden komt te lizzen."

Meitinke

Jaap Hiemstra, foarsitter fan it doarpsbelang, seit dat minsken it hieltyd better lykje te begripen. "Alle nijsbrieven en besprekkingen wurde dield mei it hiele doarp."
It doarpsbelang fan Burdaard is posityf en optimistysk oer de plannen en beskôget it as in moai proses. "Wy krije in soad tiid en romte fan de gemeente om as doarp hjiroer mei te tinken", seit Hiemstra.