Befrijingsfestival Ljouwert wol garânsjefûns fan it Ryk, mar tickets bliuwe yn 2024 fergees

Bevrijdingsfestival Befrijdingsfestival Befrijingsfestival Fryslân Ljouwert
Publyk op it Bevrijdingsfestival Fryslân op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert © Lucas Kemper
Gemeente Ljouwert wol in garânsjefûns foar befrijingsfestivals fan 1 miljoen euro. De festivals hawwe it dreech, mei troch it minne waar fan ôfrûne jier.
Boargemaster Sybrand Buma hat syn hânteken set ûnder in brief, dy't der kaam is op inisjatyf fan de gemeente Roermond. In soad befrijingsfestivals hawwe it sûnt de coronakrisis dreech. "Ik ben blij dat die ondertekening plaats heeft gevonden", seit Frank de Vries, foarsitter fan befrijingsfestival Ljouwert.
"Ik ben ook blij dat veel andere gemeenten daarin mee gegaan zijn. Dat is denk ik een heel mooie boodschap richting de landelijke politiek."

Min waar

Troch de ynflaasje lizze de prizen in stik heger en in diel fan it personiel hat de festivalbrâns ferlitten. Ferline jier wie it boppedat hiel min waar en dat soarge foar in flinke finansjele ôffaller. De festivals yn Grins en Zwolle waarden stillein.
Foar Ljouwert liket de finansjele skea troch it waar ta te fallen, seit de Vries. "We hebben uiteraard ook gemerkt dat het minder weer was, dat er minder mensen kwamen. Maar financieel raakt dat ons niet. Wij verkiezen een vaste bijdrage voor de verpachting van de horeca boven dat we zelf het risico lopen met het weer."

Tagong bliuwt fergees

Jierrenlang wie it befrijingsfestival altyd fergees tagonklik, mar yn 2022 kaam dêr bygelyks yn Grins in ein oan, doe waard 5 euro frege. En yn Utrecht gong it festival dit jier hielendal net troch, troch te grutte finansjele ûnwissigens.
Yn Ljouwert kinne besikers yn elts gefal yn 2024 gewoan fergees komme, seit De Vries. "Dat is voor ons als bestuur ontzettend belangrijk, dat het vrij toegankelijk moet zijn, daar bestaat geen twijfel over."