Bochniewicz werom by folslein fitte Hearrenfean-seleksje

Pawel Bochniewicz foar de wedstriid tsjin Vitesse
Pawel Bochniewicz foar de wedstriid tsjin Vitesse © Orange Pictures
Pawel Bochniewicz komt werom by de seleksje fan Hearrenfean foar it duel fan sneon tsjin FC Volendam. Trainer Kees van Wonderen hat foar it earst dit seizoen alle spilers ter beskikking.
Oft Bochniewicz spylje sil, is noch net wis. Hy begjint neffens Van Wonderen net yn de basis, mar as se him nedich ha kin hy meidwaan. De Poal kaam trije wiken lyn blessearre oan syn rêch werom fan in ynterlân.
Kees van Wonderen oer trije spilers dy't net 100 punten binne
Van Wonderen is dwaande oan syn twadde seizoen by Hearrenfean en oan de ein fan dit seizoen rint syn kontrakt ôf. Hy ferwachtet dat hy yn de winterstop mei Ferry de Haan oan tafel giet om hjiroer te praten.

"Ik zit hier prima op mijn plek"

Van Wonderen sjocht yn alle gefallen noch in útdaging om troch te gean. Sterker noch: "Er ligt een enorme uitdaging. We zijn anderhalf jaar geleden een samenwerking aangegaan met bepaalde doelen. Daar is de club zeker nog niet. Organisatorisch niet. Financieel denk ik ook niet. Voetbaltechnisch, en daar ben ik verantwoordelijk voor, ook nog niet."
Neist de útdaging fynt hy ek dat hy it nei syn sin hat by Hearrenfean. "Ik zit hier prima op mijn plek. Bij de directie houden ze vast aan de weg die we hebben gekozen. En we hebben een geweldige staf. Dat is een hoop waard."
Misschien spreek ik voor mijn beurt.
Kees van Wonderen
Wêr hinget kontraktferlinging dan noch fan ôf? "Er zijn een aantal partijen die dit ook moeten vinden en dat moeten uitspreken."
Dus eins kinne we konkludearje dat Van Wonderen der posityf ynstiet en dat der noch wat goeie petearen fierd wurde moatte mei ûnder oaren Ferry de Haan. Mar dan komt it wol goed? "Daar zit een kern van waarheid in, maar misschien spreek ik wat voor mijn beurt. Daar moeten we eerst over praten, dus dat is wat voorbarig."
Van Wonderen oer syn mooglike kontraktferlinging
Oft it kontrakt fan Anas Tahiri wol ferlinge wurdt, is noch mar de fraach. Sterker noch, in fertrek yn de winter is miskien wol tichteby.
De 28-jierrige Belch is syn basisplak kwyt en hy wol graach fuotbalje. "Ik ben normaal in het leven een hele rustige jongen. Dat ben ik nu ook. Ik had laatst wel een discussie met de trainer. Op de training zei hij dat ik boos werd door de keuzes die hij maakt. Maar je moet uiteindelijk wel achter de ploeg blijven staan."
Tahiri oer de karren dy't hy meitsje moat en oer de winsk fan syn mem
Tahiri begûn dit seizoen yn de basis, mar it middenfjild mei Thom Haye, Simon Olsson en Luuk Brouwers stiet no. Tahiri mei allinnich sa no en dan ynfalle. En hy wol graach fuotbalje. Mar net te koste fan alles. "Ik wil niet weg om weg te gaan. Het hangt af van de mogelijkheden. En anders blijf ik gewoon tot aan het einde van het seizoen."
Dat hat der ek mei te krijen, dat hy it bot nei syn sin hat op It Hearrenfean. "Ik heb hier nu twee jaar alles gespeeld. Ik voel me goed in Heerenveen. Ik zou het echt jammer vinden als ik in januari weg moet gaan."
De wedstriid fan Hearrenfean tsjin FC Volendam begjin sneontejûn om 21.00 oere en live te folgjen. Fia dizze webside of app en op de radio op 92.2FM. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.
Der binne al wol wat klups út België dy't him melden ha foar de yn Brussel berne middenfjilder. "Maar ik voel me goed in Nederland. Ik voel me qua voetbal beter hier."

Mem Tahiri wol dat Anas thúskomt

Der is allinnich wol ien dy't hiel graach wol dat hy weromkomt nei syn heitelân. "Mijn moeder wil dat wel. Terug naar Brussel. Ze zegt dat ze mij vaker wil zien. Maar ze weet dat het mijn beroep is. Ik kijk niet naar de afstand naar mijn huis."