Boargemaster Van de Pol hearde ûnder gearkomste fan nije baan: "Excuses, moet even bellen"

Walter Visser gemeenteraad Skylge
In gearkomste op Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Skylge seit it fertrouwen op yn de boargemaster, flak nei't se sels in nije baan hat. It liket de ûntknoping fan de langtriedderige fertrouwenskrisis dy't it eilân yn syn greep hâldt.
De boargemaster, wethâlders en riedsleden kinne al mear as in jier net mear goed troch ien doar. Op oantrúnjen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok waard mediation foarsteld en 100.000 euro útlutsen om te wurkjen oan it fertrouwen.
Tongersdeitejûn wiene de fersteurde ferhâldingen in ûnderwerp yn de riedsgearkomste, doe't boargemaster Van de Pol in skorsing oankundige. "Dames en heren, ik heb even een schorsing van vijftien minuten nodig, excuses. Ik moet even bellen."
Caroline van de Pol
Boargemaster Caroline van de Pol © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Krekt letter dielde se it nijs mei de ried dat se foardroegen wurdt as boargemaster fan Castricum. "Ik zit helemaal te shaken", sei se. Ein maart sil se it eilân ferlitte. "Vanzelfsprekend kunt u tot die tijd op mij rekenen. Het eiland en de eilanders heb ik in mijn hart gesloten, ik zal ze heel erg missen." Se ferliet de gearkomste wol.
Riedslid René Bultena fan Plaatselijk Belang wie bot fernuvere. "Ik begrijp de euforie bij de burgemeester. Het niet blijven voor het beantwoorden van vragen over iets wat zo'n lang proces is en de gemeenschap een ton heeft gekost, vind ik een schoffering van de raad."

Unanym oer fuortstjoeren

Fjouwer oeren nei de oankundiging fan har foardracht foar Castricum, tsjinnen de riedsleden in moasje yn om Van de Pol fuort te stjoeren. Dy moasje waard unanym troch de ried oannommen.
De ried wol dat Brok sa gau mooglik in waarnimmend boargemaster oansteld op it eilân, omdat de situaasje op dizze wize net wurkber wêze soe.