Boargemaster Van de Pol wol noch net ophâlde: "Ik laat anderen niet met deze zaken achter"

cv fan Caroline van de Pol
cv fan Caroline van de Pol © Omrop Fryslân
Boargemaster Caroline van de Pol wol graach noch efkes troch om har saken op Skylge goed efter te litten. Dat seit se nei't de ûnrêst op Skylge tongersdei in nije klimaks berikte.
Van de Pol kundige midden yn de gearkomste oan dat se boargemaster fan Castricum wurde sil.
Van de Pol is bliid mei har nije kâns yn Castricum. "Ik ben trots en blij dat ik daar de eerste kandidaat ben." Dochs ferlit se Skylge mei pine yn it hert: "Een stukje van mijn hart blijft hier achter."
Neist alle ûnrêst, hat se nammentlik ek in soad goeie mominten meimakke op it eilân, sa seit se. "Het was niet alleen maar trammelant. Ik heb ook hele mooie dingen meegemaakt, naast het politieke gedoe."
Yn 'It Polytburo' beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Caroline van de Pol.
In skoftke lyn waard wantrouwen yn har útsprutsen troch de ried op Skylge. "Na het uitspreken van wantrouwen heb ik professionele steun gehad van de commissaris van de Koning." Syn oardiel oer de ried neffens Van de Pol: "Zo kunt u niet met een burgemeester om gaan."
De befiningen fan de kommissaris hiene dochs gjin ynfloed. "Alles bleef bij het oude. Een tijdje later werd ik attent gemaakt op de vacature in Castricum." Van de Pol sollisitearre op dy funksje.
Dochs sette se har noch hieltyd folslein yn foar Skylge. "We moesten gaan werken aan politieke stabiliteit en daarna pas kijken wat voor mijzelf het beste is."
Se seit mei klam dat se neat raars by de ein hân hat. "Er moet duidelijk worden dat ik niks geks heb gedaan."
Caroline van de Pol oer wat se harsels ferwite kin
Van de Pol wie tongersdei yn de riedsgearkomste net fan doel om ôfskied te nimmen fan har funksje op it eilân. Pas doe't it telefoantsje út Castricum kaam feroare dat. "Ik was anders niet opgestapt."
De wize wêrop't Van de Pol fuortgie foel lykwols net goed by de riedsleden. Fjouwer oeren nei har oankundiging, tsjinnen se noch in moasje yn om Van de Pol fuort te stjoeren.
Hoe't de jûn tongersdei rûn wie at se dit beslút net naam hie, bliuwt ûnwis. "Ik weet natuurlijk niet hoe de vergadering anders afgelopen zou zijn. Gissen kan, maar alles blijft een aanname."

"Last van mijn eigen koppigheid"

In pear wiken lyn, stie it der net goed foar yn de ried op Skylge. "Ik had drie weken geleden het gevoel dat het hele college weggestuurd zou worden."
Dêrnei like de situaasje neffens de boargemaster dochs wat better te wurden. "Twee weken geleden dacht ik echter dat het allemaal toch wel wat mee kon vallen. Ik hoorde vanaf raadsleden namelijk weer wat positievere geluiden." Fan dy positivere lûden wie tongersdei neat te fernimmen.
Van de Pol jout dúdlik oan wêrom't se de eare net oan harsels hâlden hat. "Ik heb misschien een beetje last van mijn eigen koppigheid. Ik weet dat ik niets geks gedaan. Daarom wilde ik mijn uiterste best blijven doen om rust te creëren. Daarin heb ik ook vreselijk veel steun gekregen van onze inwoners."
Caroline van de Pol oer har koppichheid
Van de Pol waard troch guon minsken ek beskuldige fan it opnimmen fan petearen mei wethâlders. "Ik heb twee keer met twee wethouders gesproken zonder ambtelijke ondersteuning. Ik werd daarin uitgemaakt voor jokkebrok."
Dêrom soe se opnames makke hawwe fan it dêrop folgjende gesprek. "Ik voelde me daar niet veilig." Se seit dat se de audio lykwols nea brûkt hat foar oare doelen.

Earder fuort fan de riedsgearkomste

Van de Pol ferliet de gearkomste tongersdeitejûn neidat se bekend makke hie op te hâlden as boargemaster. Se fynt net dat se de gearkomste ôfrûne moatten hie. "Dat ging niet. Ik wilde het liefst de vergadering tot een andere dag schorsen, maar ook dat ging niet."
Wol stelde se de fraksjefoarsitters op de hichte foar't se har fertrek yn de gearkomste oankundige. "Ik heb hen eerst geïnformeerd toen ik het nieuws had gekregen."
Caroline van de Pol oer hoe't it no fierder mat op Skylge
Neffens Van de Pol is de ûnrêst op Skylge net allinnich oan har te witen. "Ik kwam al in een aardige puinhoop. Het was een flinke klus. Een tijd ging het ook beter, maar vanaf de verkiezingen van vorig jaar ging het weer slechter."

Hoe no fierder op Skylge?

Offisjeel is Van de Pol nei it wykein gewoan noch boargemaster op Skylge. "Ik ga maandag werkafspraken maken en samen met de commissaris van de Koning kijken wat er mogelijk is."
Van de Pol is yn elts gefal noch net fan plan om op te hâlden. Neffens har komme der mei de feestdagen drokke tiden oan.
"Openbare orde en veiligheid is op een eiland erg belangrijk. De feestdagen komen eraan, dus dat is een drukke periode. Ik laat andere mensen niet met deze zaken achter. Hiervoor ben ik burgemeester."
De cartoon fan Caroline van de Pol
De cartoon fan Caroline van de Pol © Omrop Fryslân