Van de Pol emosjoneel oer ferlitten fan Skylge: "Trots, maar ook met pijn in het hart"

Van de Pol emosjonearre troch fertrouwenskrisis Skylge
It wie in opmerklike fertoaning tongersdeitejûn by de riedsgearkomste op Skylge. Boargemaster Van de Pol krige ûnder de gearkomste te hearren dat se yn in oare gemeente boargemaster wurdt. In dei letter sjocht se der op werom.
"Gisteravond hoorde ik dat ik nummer één was", seit Van de Pol. "Heel blij, echt blij, ook heel trots. Maar ook wel met wat pijn in het hart." Van de Pol wie sels ek foarsitter fan de gearkomste, dy't ferskate kearen ûnderbrutsen waard. Dat wie omdat se belle waard oer har foardracht as boargemaster foar de gemeente Castricum.
Nei it telefoantsje dat se foardroegen wurdt, wie se net mear goed yn steat om de gearkomste foar te sitten, seit se. "Verder voorzitten die avond was gewoon onmogelijk, dat deed geen recht aan de vergadering. Ik had het op prijs gesteld als de vergadering geschorst kon worden tot volgende week, maar dat is niet aan mij. Ik ben heel duidelijk geweest: nu vertrek ik, morgen ben ik er gewoon weer."

Mediation

It is opmerklik dat Van de Pol Skylge ferlit, om't de gemeente noch yn it proses fan mediation sit. Der is 100.000 euro útlutsen om te besykjen it fertrouwen tusken boargemaster, wethâlders en riedsleden werom te bringen.
"Ik was niet op zoek naar een ander ambt. In de zomer werd ik hier attent op gemaakt. Het komt een half jaar te vroeg, maar over een half jaar is die vacature er niet meer."
Caroline van de Pol
Caroline van de Pol © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De riedsleden nommen it har net yn tank ôf. In moasje om it fertrouwen yn it folsleine kolleezje op te sizzen helle it krekt net mei 5 tsjin 6 stimmen. Wol waard unanym ynstimd mei in moasje om sa gau mooglik in waarnimmend boargemaster oan te stellen.

Castricum

Van de Pol hie in goed gefoel by Castricum, fertelt se. "Dus ik dacht: ik ga solliciteren. Toen heb ik met een zeer bezwaard gemoed onze commissaris van de Koning in Fryslân gebeld en hem gemeld dat ik zou gaan solliciteren. Ik voelde me heel bezwaard, maar zijn reactie was heel positief."
Van de Pol seit dat it foar har in aparte tiid wie. Se koe ek samar net útkeazen wurde, seit se. De kommisje dy't oer de foardracht giet, hat se wol ynformearre oer de situaasje op Skylge. "Ik heb in mijn brief en in de gesprekken ook aangegeven wat voor een instabiele bestuurlijke verhouding is op Terschelling."
Yn it twadde petear mei de fertrouwenskommisje is se útfrege oer it ûnderwerp, fertelt se. "Ze hebben zich enorm verdiept in de situatie. Ze hebben er van alle kanten vragen over gesteld en ik ben daar ook heel open en eerlijk in geweest. Dan is het afwachten of je dé kandidaat bent."
Nei in foardracht giet de oanbefelling offisjeel noch by de kommissaris fan de Kening en de kening del. Yn de regel wurdt hast nea fan it advys ôfwykt.
Sjoch hjir nei de folsleine reaksje fan boargemaster Van de Pol op de foardracht foar Castricum:
Reaksje fan Van de Pol op har foardracht yn Castricum