Liveblog | 17 desimber 2023

Sander Arends wint NK | Feanfroulju ferlieze 'met opgeheven hoofd'

Yn dit blog hâlde wy jo op de hichte fan it lêste nijs oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 17 desimber 2023, 20:18
snein 17 desimber 2023
20:18

Froulju Hearrenfean ferlieze fan koprinner

Esther Makken
Esther Makken © ANP
De striid tusken de nûmer earst en de nûmer lêst fan de frouljus-earedifyzje is wûn troch de nûmer ien. FC Twente fersloech Hearrenfean yn de lêste wedstriid foar de winterstop mei 3-2.
Dochs jouwe de beide doelpunten fertrouwen foar de twadde seizoenshelte.
18:53

Harm Visser ek twadde op de Jaap Edenbaan

Harm Visser (yn it giel)
Harm Visser (yn it giel) © ANP
It is Harn Visser fan De Westereen net slagge om dit wykein twa maratons op syn namme te setten. Yn Amsterdam koe er fannemiddei net winne fan Bart Swings út België.
De sprint waard betiid ynsetten troch Daan Gelling. Swings koe as earste it gat tichtsje en yn de lêste meters hold er Visser achter him.
Earder op de dei waard Marijke Groenewoud fan Hallum ek al twadde op de Jaap Edenbaan.
17:34

Groenewoud twadde op Jaap Edenbaan

Schouten en Groenewoud
Schouten en Groenewoud © ANP
Marijke Groenewoud fan Hallum is twadde wurden by de maraton op de Jaap Edenbaan. Se ferlear de einsprint fan ploechgenoat Irene Schouten.
De beide froulju riden earst tegearre fuort út it peloton, en kamen in ronde foar. Se makken der in spannende finale fan: sûnder mekoar oan te fallen, wachten se beide op de einsprint.
In dei earder waard Groenewoud ek al twadde yn in maraton, doe foar de Maraton Cup yn Breda. Dêr waard Arianna Pruisscher earste.
17:16

Sander Arends wint NK dûbeldspul

Sander Arends
Sander Arends © ANP
Sander Arends fan Ljouwert hat op it NK Tennis yn Amstelveen de titel pakt by it manljus-dûbeldspul. Mei syn partner Sem Verbeek makke er de favoriterol wier.
Yn de finale wûnen Arends en Verbeek mei 6-4 6-2 fan Christian Lerby en Jip van Assendelft.
17:11

Abma njoggende op Zesdaagse yn Rotterdam

Elmar Abma
Elmar Abma © Orange Pictures
De 19-jierrige Elmar Abma fan Wolvegea is njoggende wurden op it ûnderdiel koppelkoers by de Wooning Zesdaagse yn Rotterdam. Dat is in presitzjeuze baanhurdfytswedstriid.
Tegearre mei syn teamgenoat Yanne Dorenbos einige Abma fier achter de Belgyske winners De Vylder en Hesters.
16:50

Leonie Bentveld achtste yn wrâldbekerwedstriid Namen

Leonie Bentveld
Leonie Bentveld © ANP
Fjildrydster Leonie Bentveld fan Burgum is achtste wurden by de wrâldbekerwedstriid yn Namen. Ceylin del Carmen Alvarado wûn de wedstriid.
Bentveld (19) stiet no fyfde yn it wrâldbekerklassemint.