Liveblog | 15 desimber 2023

112-nijs 15 desimber: Meardere ferwûnen by ûngelok Stynsgea | Wenningbrân yn Frjentsjer

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 15 desimber 2023, 22:01
22:01

Wenningbrân yn Frjentsjer

Wenningbrân yn Frjentsjer
Wenningbrân yn Frjentsjer © CAMJO Media
Yn Frjentsjer hat freedtejûn oan it Sint Martiniplantsoen in wenningbrân west. De bewenners koene op tiid de wenning ferlitte.
In kat is út de wenning helle.
21:20

Twa bankjes yn Ljouwert yn de brân stutsen

Brânend bankje
Brânend bankje © Kappers Media
Yn de Ljouwerter Vrijheidswijk binne freedtejûn twa bankjes yn de brân stutsen. It earste stie oan de Leendert Sinnemastraat, it twadde oan de Leo Twijnstrastraat.
Beide bankjes binne sa bot skansearre dat se ferfong wurde moatte.
18:11

Fertochte belutsen by Sunneklaasynsidinten op It Amelân frijlitten

De 31-jierrige man dy't 14 desimber oanhâlden is foar belutsenheid by Sunneklaasynsidinten is nei ferhoar frijlitten. Dat meldt it Iepenbier Ministearje.
It IM hat earder oanjûn dat nije oanhâldingen net útsluten wurde.
18:04

Meardere ferwûnen by ûngelok Stynsgea

By in ûngelok oan de Uterwei by Stynsgea (N358) binne fjouwer persoanen ferwûne rekke, dêrfan is ien swierferwûne rekke.
Dy persoan is nei it sikehûs brocht, krekt as twa oare ferwûnen. De fjirde persoan is te plak kontrolearre en hoegde net nei it sikehûs.
It ûngelok barde om 17:30 hinne, der binne trije auto's by belutsen.
De dyk wie ôfsletten, de plysje docht ûndersyk nei de tadracht. Ek de brânwacht, ambulânses en it Mobyl Medysk Team wiene te plak.
It ûngelok by Stynsgea
It ûngelok by Stynsgea © CAMJO media
15:30

Dyk ticht nei ûngelok by Frjentsjer

Op de N384 by Frjentsjer is freedtemiddei in slim ûngelok bard. Dêrby is yn elts gefal ien persoan slim ferwûne rekke.
Dyk ticht nei ûngelok by Frjentsjer
Dyk ticht nei ûngelok by Frjentsjer © CAMJO Media
12:20

Treinen tusken Ljouwert en Swolle ride wer

De treinen tusken Ljouwert en Swolle ride wer neffens de reguliere tsjinstregeling.
Earder fan 'e moarn rieden de treinen út Ljouwert wei net fierder as Stienwyk.