Caroline van de Pol hâldt op as boargemaster fan Skylge

Caroline van de Pol
Caroline van de Pol © Omroep Zilt, Lennard Geerts
Boargemaster Caroline van de Pol sil Skylge ferlitte. Se is foardroegen as boargemaster yn Castricum.
Van de Pol makke it nijs tongersdeitejûn bekend by de riedsgearkomste fan Skylge. Dêryn waard de bestjoerskrisis bepraat.
Har boargemasterskip stie dêr op de tocht. In tal riedsleden en de wethâlders sprutsen út gjin fertrouwen te hawwen yn Van de Pol.
Under de gearkomste waard Van de Pol belle troch de fertrouwenskommisje yn Noard-Hollân, en waard de gearkomste ûnderbrutsen. Dêrnei makke de boargemaster har fuortgean bekend: "Ik zit er helemaal van te shaken."

Fuort, mar ek fuortstjoerd

De wize wêrop't Van de Pol fuortgiet foel net goed by de riedsleden. Om 2.00 oere nachts, fjouwer oeren nei har oankundiging, tsjinnen se noch in moasje yn om Van de Pol fuort te stjoeren.
Oan it ein fan maart sil se Skylge ferlitte. "Vanzelfsprekend kunt u tot die tijd op mij rekenen. Het eiland en de eilanders heb ik in mijn hart gesloten, ik zal ze heel erg missen."