Gemeenteried wol gjin biofergêster by Sonac yn Burgum/Sumar

Gemeenteried seal Tytsjerksteradiel Burgum
Soad publyk by gearkomste yn it gemeentehûs oer biofergêster © RTV NOF
De gemeenteried fan Tytsjerksteradiel hat net ynstimd mei de realisaasje fan in biofergêster by Sonac yn Burgum/Sumar.
Dat waard tongersdeitejûn dúdlik by in gearkomste yn it gemeentehûs fan Burgum. De gemeente Tytsjerksteradiel hat besletten om gjin 'verklaring van geen bedenkingen' ôf te jaan.
"Wy stjoere dizze ferklearring fan betinking no op nei de provinsje", fertelt wethâlder Berber van Zandbergen. Se hat it oanwêzige publyk wol meidield dat dit noch net betsjut dat it plan definityf fan tafel is. "It is noch net klear, it hat noch wol syn tiid nedich." Neffens de gemeente bestiet de kâns ek dat Sonac juridyske stappen set.
Sa moat de nije ynstallaasje by Sonac derút komme te sjen
Sa moast de nije ynstallaasje by Sonac derút komme te sjen © Sonac
De provinsje jout úteinlik de fergunning foar de nije biofergêster, mar de gemeente wurket dat sa wol tsjin. Trochdat sy de ferklearring net ôfjouwe, mei de provinsje der net mei oan de gong.

In soad opskuor

Der is al moannen in soad te dwaan oer de biofergêster fan Sonac. Guon tsjinstanners makken sich al tiden hurd tsjin de komst fan de nije biofergêster. Sa waard ûnder oare de organisaasje Biovergistervrij Burgum en Sumar oprjochte troch omwenners mei soargen.
Jellie Herder is ien fan de organisatoaren fan it protest tsjin de komst fan de nije biofergêster. Sy is wiis mei it beslút fan de gemeente. "Dit is noch mar de earste slach, we witte dat it allegearre noch lang duorje kin", seit Herder optein. "Mar dizze slach is makke."
It beslút waard earder troch de gemeenteried útsteld, omdat de politisy doe mear tiid hawwe woene. No is der lang om let in beslút.