Keninklike ûnderskieding foar Piter Zwart

Piter Zwart en boargemaster Sybrand Buma
Piter Zwart en boargemaster Sybrand Buma © Hoge Noorden
Piter Zwart fan Snakkerbuorren is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Zwart hat de keninklike ûnderskieding krigen as tank foar syn rol yn de ûntwikkeling fan de Fryske kultuer.
Zwart waard tongersdei ferrast mei it nijs by in gearkomste fan Iepen DoEk. Boargemaster Sybrand Buma beneamde him dêr ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Yn syn taspraak stie de boargemaster stil by de fertsjinsten fan Piter Zwart: "Met al je werkzaamheden menen mensen om je heen dat het culturele klimaat in Friesland er zonder jou anders uit zou zien. Jouw expertise en creativiteit helpen generaties cultuurmakers de toekomst in."
Zwart wurke goed 23 jier yn ferskate funksjes by Omrop Fryslân. Hy wie by de Omrop belangryk by ferskate grutte projekten. Sa wie Zwart ûnder oare ferantwurdlik foar de dramasearje De Keet.

Maatskiplike ympakt

Nei syn tiid by de Omrop kaam Zwart yn tsjinst as teamlieder by it Noord Nederlands Orkest. Ek dêr hie hy in grutte maatskiplike ympakt.

Yn syn frije tiid is Zwart foarsitter fan it iepenloftspul yn Snakkerbuorren en sit hy yn it bestjoer fan de oerkoepeljende organisaasje fan it amateurtoaniel yn Fryslân.