Man oanhâlden foar mooglike belutsenheid by Sunneklaas-ynsidint It Amelân

Logo fan de plysje
Logo fan de plysje © Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje hat in 31-jierrige man fan It Amelân oanhâlden. Hy wurdt fertochte fan belutsenheid by de ynsidinten dy't plakhienen by it Sunneklaasfeest op 5 desimber. Dêrby waarden meiwurkers fan PowNed op it eilân oanfallen.
It strafrjochtlik ûndersyk is noch yn folle gong. Der wurdt ûnder mear ûndersyk dien nei de auto fan de fertochte en de auto fan de meiwurkers fan PowNed. Nije oanhâldingen wurde net útsletten, seit it IM.
It Iepenbier Ministearje seit hege prioriteit te jaan oan it ferfolgjen fan agresje en geweld tsjin sjoernalisten.