Wurdt dit dan it WK fan Danny Noppert? "As ik stappen sette wol, moat ik hjir skitterje"

Darter Danny Noppert begjint tongersdei oan syn WK
Darter Danny Noppert begjint tongersdei oan syn WK © PDC
Danny Noppert fan De Jouwer is ien fan de bêste darters fan de wrâld, mar op it WK wol it mar net slagje. Dochs hopet er de kommende twa wiken ôfrekkenje te kinnen mei alle 'WK-ûnheil'.
Hy wûn al in grut telefyzjetoernoai, smiet njoggendarters en reizge foar it profbûn PDC ôfrûne simmer de wrâld oer. No wol Noppert trochstreame nei it rychje absolute toppers.

It WK

It wrâldkampioenskip darten is yntusken al wer efkes oan de gong. Yn it Alexandra Palace yn Londen begûnen ferline wike 96 darters oan it wichtichste toernoai fan it jier. Foar Danny Noppert set it toernoai tongersdeitejûn útein. Hy spilet tsjin de op papier folle mindere Scot Williams út Ingelân.
De ôfrûne jierren wie de tredde ronde hieltyd it einstasjon foar Noppert. Fan 2020 ôf ferlear hy dêr fan Kim Huybrechts, Dave Chisnall, Ryan Searle en Alan Soutar. Stik foar stik goede spilers, mar gjin echte wrâldtoppers.
Ferline jier ferlear Noppert teloarstellend fan Alan Soutar
Ferline jier ferlear Noppert teloarstellend fan Alan Soutar © Orange Pictures
"It WK is noch net echt myn ding", sa jout Noppert oan. In echte ferklearring dêrfoar kin hy net jaan. "Mar as ik echt stappen meitsje wol, dan moat ik op it WK skitterjen. It soe moai wêze as ik myn ranking (nûmer sân fan de wrâld, red.) dit jier wiermeitsje kin."

Berte dochterke

De tarieding op it WK ferrûn foar Noppert en syn húshâlding dit jier oars as oars. Ein novimber waarden hy en syn freondinne foar de twadde kear heit en mem, fan dochter Ines.
"It giet hartstikkene bêst mei har", neffens Noppert. "It wie yn it begjin wat wenne, benammen mei it sliepen nachts. Mar it heart der no al wer hielendal by."
Neist it ferskjinjen fan ruften en de húshâlding hat hy noch wol traine kinnen. "Ik ha jûns noch genôch oeren makke. It trainen gie goed en it gefoel is dat ek. Ik ha der in soad nocht yn."
It Alexandra Palace yn Londen, de lokaasje fan it WK
It Alexandra Palace yn Londen, de lokaasje fan it WK © Omrop Fryslân, Mats Gies
Noppert makket sûnt in skoftke ûnderdiel út fan de TOTO Dart Kings: in groepke Nederlânske darters mei bygelyks de eardere wrâldkampioenen Michael van Gerwen en Raymond van Barneveld.
Sy ha mei it WK yn Londen de beskikking oer in spesjaal hûs, dêr't de spilers har sa goed mooglik tariede kinne op harren wedstriden.
"Wij hebben daar bijvoorbeeld eigen trainingsfaciliteiten", leit Jaco van Bodegem út. Hy is teammanager fan de Dart Kings en wie yn it ferline de manager fan Van Barneveld.

Tariede

"Ze kunnen daar in het huis relaxen en zich in alle rust voorbereiden. Er is een eigen chef-kok, die alles klaarmaakt wat ze lekker vinden, mits gezond. Hebben ze behoefte aan een massage, dan is er een massagetherapeut. Dat waarvan ik denk dat de dartsport soms tekortkomt, proberen we vanuit de Dart Kings juist te bewerkstelligen."
By de fasiliteiten heart ek in 'mental coach', yn de foarm fan âld-proffuotballer Dirk Marcellis. Hy kin de spilers stypje en fan mentale begelieding foarsjen.
It WK yn Londen is it wichtichste darttoernoai fan it jier. Net allinne kwa statuer, mar ek kwa prizejild foar de wrâldranglist. De winner fan it wrâldkampioenskip krijt likernôch 550.000 euro. Earder waarden manlju as Raymond van Barneveld (ien kear) en Michael van Gerwen (trije kear) wrâldkampioen by it profbún PDC.
Neffens Van Bodegem soe in spiler as Noppert wolris better wurde kinne troch mentale begelieding. Miskien is dat noch wol it punt dêr't it by de Jouster op it WK oant no ta hieltyd krekt oan ûntbrekt?

Mental coach?

"Waarom maak ik het WK zoveel belangrijker en kan ik daar net niet pieken? Dat is iets wat hij zich voor zichzelf moet afvragen", fertelt Van Bodegem. "Ik denk wel dat hij het zou kunnen gebruiken. Ik ken geen sport die zo mentaal is als darten."
"Ik denk dat heel veel spelers dat onderschatten. Toen ik net met Raymond begon, was er vrijwel geen enkele darter die met een mental coach werkte. Ik kon daar met mijn pet niet bij. Tegenwoordig zie je dat steeds meer spelers daar gebruik van maken."
Dartfans yn de seal by in wedstriid
Dartfans yn de seal by in wedstriid © Martin de Jong Fotografie
Noppert hat oant no ta hieltyd ôfsjoen fan mentale begelieding. Hy hat der gjin ferlet fan en wol him graach op syn eigen wize tariede op de toernoaien. Mei it WK yn Londen sil hy wol gebrûk meitsje fan de trainingsfasiliteiten fan de Dart Kings, en fan it iten dat de sjef-kok klearmakket.
"It is net altyd like maklik om sûn iten te finen", fertelt Noppert. "Geregeld spilest op frjemde tiden en dan wolst in pear oeren yn it foar goed iten ha. Om dan in kebabke nei binnen te drukken, is net altyd handich."
Wat Noppert dan faak wol yt foar it darten? "Faak in Aziatysk miel, mei noodles. Of pasta. Wolsto iten ha wat goed sêdet, datst wer efkes foarút kinst."

Tsjinstanner

Om't Noppert ien fan de pleatste spilers is, mei hy yn de twadde ronde begjinne. Syn tsjinstanners, Scot Williams, is de nûmer 52 fan de wrâld.
"Hy is dit jier net yn topfoarm", sa seit Noppert oer syn tsjinstanner. "Mar op sa'n WK-poadium kin hy ynienen wol hielendal oplibje. Hy is wol in bytsje in showmantsje, mar ik ha der fertrouwen yn dat it goed komt."
Noppert betanket de seal nei ôfrin fan in wedstriid
Noppert betanket de seal nei ôfrin fan in wedstriid © Kelly Deckers, PDC
Op basis fan Noppert syn eigen wrâldranking, soe hy yn de kwartfinales fan it WK komme moatte. Dêr soe hy dan lângenoat Michael van Gerwen tsjinkomme kinne.
"It soe wol moai wêze as ik dat wiermeitsje kin", neffens Noppert. "Mar as je dan yn de kwartfinale steane, wolle je noch fierder. Watst yn elts gefal net wolst, is de earste wedstriid ferlieze."

"Goed WK is essentieel"

Teammanager Van Bodegem is hiel benijd nei hoe't Noppert dit WK prestearje sil. "Een goed WK draaien is voor hem essentieel. Ik denk dat hij tot nu toe nog niet optimaal is geweest. We gaan het zien, maar hij kan ook zomaar ineens over twee weken wereldkampioen zijn."