Lekker en foardielich itensiede mei Reitse: "It goedkeapste is net altyd sûn"

foto algemien 1
Miranda Werkman en Reitse Spanninga © Omrop Fryslân
Sûn en lekker itensiede mei in budzjet fan tsien euro. Dat is de útdaging dy't kok Reitse Spanninga dizze earste wike fan jannewaris oangiet yn in nije rige fan it telefyzjeprogramma Foarútsjen mei Reitse.
Om 2024 goed te begjinnen, sjogge Spanninga en presintator Miranda Werkman mei fiif gasten foarút op it nije jier en wurdt der alle dagen itensean. In gerjocht dat geskikt is foar minsken mei in smelle beurs, leit Spanninga út.
"We hearre hieltyd mear dat der húshâldings yn Fryslân binne dy't it fan tsien euro deis dwaan moatte. Guon hawwe sels noch minder ta harren beskikking. Dêr moatte se ek noch foar fjouwer persoanen foar in miel siede. Dan moatst wol in hiel soad fantasij hawwe om dat allegear te kinnen."
It telefyzjeprogramma Foarútsjen mei Reitse wurdt útstjoerd by Omrop Fryslân fan moandei 1 jannewaris oant en mei freed 5 jannewaris om 17.15 oere.
De gasten nimme sels de yngrediïnten mei en helpe ek mei it itensieden. Foar Spanninga is it alle kearen in ferrassing wat syn gasten meinimme, seit er. "Ik wit absolút net wat it is. Ik moat my der gewoan mei rêde."
Hy hoecht net hielendal mei neat te begjinnen. "Ik haw gelokkich wol wat basisyngrediïnten", seit er. "Elkenien hat wol wat bûter, sûker, sâlt en blom yn 'e hûs. Dus dat haw ik wol, mar de gasten hawwe de haadyngrediïnten."
Dit binne de gasten yn Foarútsjen mei Reitse:
It is net allinnich in útdaging om mei in beheind budzjet wat lekkers op tafel te setten, mar ek om in sûn miel te meitsjen. Ut CBS-sifers docht bliken dat ien op de seis minsken wol sûner ite wol, mar dat net betelje kin. De gasten moasten dêrom sûne yngrediïnten meinimme.
"Dat fyn ik belangryk", seit Spanninga. "Want meastal giet it sa, dat as minsken foar dy tsien euro foar fjouwer persoanen boadskippen dogge, se kieze foar it goedkeapste. Fansels, want oars hast it net. Mar, dat is net altyd it sûnste iten."
foto algemien 2
Oan tafel by Foarútsjen mei Reitse © Omrop Fryslân
Wylst Spanninga him konsintrearret op it iten klearmeitsjen, praat Werkman mei de gasten. Alle dagen binne der wer oare gasten. Moandei is Mascha Perquin te gast yn de earste ôflevering. Sy is eigener fan MamaMascha en wol safolle mooglik minsken entûsjast meitsje foar sûn, lekker en maklik iten.
Tiisdei is Hester van der Werff fan sosjale pluktún Stichting De Kleine Boerderij yn Easterwâlde oan bar en woansdei komt Douwe Beimin fan it Platform Armoede en Schulden Fryslân del. Foarsitter Tom Metz fan de Voedselbank yn Snits is tongersdei te gast en freed sit Koos Pot fan sosjale winkel Moes yn Ljouwert yn de lêste ôflevering.
Spanninga wol de gedachte fan it programma ek útdrage yn it nije jier. "Dêr gean ik wol foar yn 2024: dat je mei in bytsje dochs noch wat lekkers meitsje kinne."