Twivels oer yntegriteit en finansiering eardere Schatzenburg

Yngong fan it rekreaasjeterrein fan Waadhoeke Resort by Menaam
Yngong fan it rekreaasjeterrein fan Waadhoeke Resort by Menaam © Omroep Zilt, Richard de Boer
Oft it eardere Schatzenburg by Menaam ea noch omboud wurdt ta lúkse rekreaasjepark, is hieltyd mear de fraach. Takom jier wol de gemeente de ûndernimmer fan Waadhoeke Resort hielendal trochljochtsje. Reden: twivels oer de yntegriteit en finansiering.
Undernimmer Marco Hipke is sûnt 2016 eigener fan it eardere bungalowpark Schatzenburg, dat omdoopt is ta Waadhoeke Resort. Op in yn totaal 30 bunder grut terrein tusken Menaam en de N31 wol hy it projekt Waadhoekerhout realisearje: in lúkse, grien en wetterryk rekreaasjepark mei 225 sjaletten, hoareka en oare foarsjenningen.
Earder dit jier hat Hipke in oanfraach yntsjinne foar in nij bestimmingsplan. Oant no ta hat de gemeente Waadhoeke nei bûten ta altyd posityf reagearre.

Wachtsje op provinsje

Lange tiid waard wachte op in advys fan de provinsje, dy't twivels hie by de plannen. Ferline moanne sei wethâlder Jan Dijkstra tsjin Omroep Zilt: "Myn ynskatting as bestjoerder is dat wy der op termyn útkomme moatte."
Sketsûntwerp fan Waadhoeke Resort fan lânskipsarsjitekt Frans Beune
Sketsûntwerp fan Waadhoeke Resort fan lânskipsarsjitekt Frans Beune © Omroep Zilt
Dizze moanne soene gemeente en provinsje Fryslân it plan fan Hipke nochris beprate, mar dit bestjoerlik oerlis is ôfsein. Yn stee dêrfan hat Waadhoeke tiisdei besletten om de oanfraach fan Hipke pas yn 2024 te behanneljen.
De reden is dat Waadhoeke mear wissichheid wol oer de betrouberens en yntegriteit fan de ûndernimmer. Nei 1 jannewaris kin de gemeente dêrfoar gebrûk meitsje fan de Wet Bibob, dy't ûnder de nije Omjouwingswet fan krêft wurdt.

Net folslein oertsjûge

Dizze wet stelt de gemeente by steat om de yntegriteit fan de oanfreger te kontrolearjen en sa foar te kommen dat de oerheid ûnbedoeld belutsen rekket by kriminele aktiviteiten. De gemeente hat alris earder Bibob-ûndersiken start nei de yntegriteit fan de ûndernimmer. Mar dy waarden hieltyd yntiids ôfbrutsen, omdat Hipke net meiwurkje woe.
It gemeentebestjoer seit no "niet volledig overtuigd" te wêzen fan de ekonomyske útfierberens fan it rekreaasjeplan. "Zo hebben wij vragen gesteld over het ondernemingsplan en waar het gekregen geld vandaan komt", sa lit in wurdfierder fan de gemeente witte. Undernimmer Hipke hat net alle frege ynformaasje levere.
Dêrneist is konstatearre dat grûnkavels op it takomstige terrein fan Waadhoekerhout geregeld fan eigener wikselje. Fierder is der sprake fan beslachlizzing troch de belestingtsjinst en binne meardere perselen hypotekêr belêste. Hjirtroch is der gjin folslein byld fan de finansjele situaasje.
Kaartje plak Waadhoeke Resort
It plangebiet foar Waadhoekerhout © Omrop Fryslân
Op it park rinne meardere hanthaveningssaken, dêr't Hipke yndirekt in rol yn spilet. Ek moat er geregeld oanmoanne wurde om gemeentlike belestingen te beteljen.

Under in fergrutglês

"Wij vragen niet bij elke aanvraag om deze informatie, maar hebben dit nu wel gedaan", seit de wurdfierder. "Dit doen we omdat wij landelijk zien dat er op vakantieparken een verhoogd risico is op ongewenste activiteiten en de maatschappelijke effecten daarvan. Vakantieparken worden regelmatig gebruikt voor criminele activiteiten."
Sûnt koart lizze rekreaasjeparken ûnder in fergrutglês, omdat de oerheid mear sicht krije wol op wat dêr allegear spilet. As earste Fryske gemeente sil Waadhoeke oan de slach mei in wurkwize dy't ûntwikkele is troch de Taskforce RIEC Brabant-Zeeland, in oerheidstsjinst dy't spesjalisearre is yn de oanpak fan ûndermining en kriminaliteit.

Omjouwingswet

By de oername fan Schatzenburg troch Hipke yn 2016 hat in foar miljoenefraude feroardiele fêstgoedûntwikkeler belutsen west, sa brocht de LC ferline jier nei bûten. Dizze Geert D. spilet fia in yngewikkelde konstruksje fan fennoatskippen noch hieltyd in rol by it park.
Begjin takom jier wol de gemeente mei Hipke - "als deze dat wil", seit de gemeente derby - nei de beoardieling fan syn plan sjen ûnder de nije Omjouwingswet. "Hierbij is een volledige doorlopen Bibob-procedure met een positieve uitkomst een voorwaarde voor het college."