Skipper Risico feroardiele ta taakstraf nei deadlik ûngelok

De Risico
De Risico © Hajo Olij
De skipper fan it sylskip Risico hat in taakstraf fan 150 oeren en in selstraf fan trije moannen ûnder betingst oplein krigen foar fersom. Hy waard ferfolge foar in ûngemak mei in gyk op de Waadsee by Skylge.
Dêrby kaam de tolfjierrige Tara út Den Haach om it libben, doe't se mei har klasse op skoalreis wie. De fertochte krijt in proeftiid fan twa jier.
De rjochtbank ferwyt de beskuldige dat de soarchplicht skeind is. De keuring is net op tiid dien wylst de brek yn de gyk ek noch sichtber wie. It skip hie net farre mochten. "De verdachte liet na de giek voldoende te controleren en was dus nalatig", seit de rjochtbank.

TNO-rapport

De rjochtbank nimt de konkluzjes út it rapport fan it ûndersyksynstitút TNO oer. Dêryn stie dat de gyk yn minne steat wie. It ûndersyksynstitút fûn twa skuorren op it plak dêr't de brek ûntstean wie.
Earder easke de offisier fan justysje in selstraf fan seis moannen en in beropsferbod fan twa-en-in-heal jier. Dat lêste wie neffens de rjochtbank net nedich.
De tolfjierrige Tara
De tolfjierrige Tara © Foto famylje
Op it stuit fan it ûngelok hie de skipper gjin jildige keuringssertifikaten foar de mêst en de tugaazje. Dy wienen twa moannen dêrfoar ferrûn en sûnder dy jildige sertifikaten mei in skip net it wetter op.

Yllegaal te wetter

By de rjochtsaak waard dúdlik dat de Risico net foar it earst yn oertrêding wie; ek yn 2019 wie dit al ris it gefal. De skipper farde doe tsien moannen sûnder jildige papieren.
Advokaat Tjalling van der Goot pleite earder foar frijspraak. Neffens him is der gjin bewiis foar de oanklacht fan de offisier fan justysje.

Gjin beropsferbod

Yn syn útiensetting helle hy ek de saak fan de Amicitia oan. Yn augustus 2016 foelen op dat skip trije deaden, neidat de mêst ôfbrutsen wie en op de slachtoffers bedarre. De skipper dêr waard frijsprutsen.
It easke beropsferbod hie der neffens Van der Goot ek fier by troch west. It wie foar syn kliïnt nammentlik net mooglik om him dêr tsjin te ferdigenjen, wylst it foar it earst op de sitting nei foaren brocht waard.

Alden Tara trúnje oan ta heger berop

De âlden fan it slachtoffer Tara (12) en har advokaat Mireille Veldman, sille oantrúnje op in heger berop. "De ouders zijn verbijsterd en kunnen dit vonnis niet accepteren. Niets brengt Tara terug, maar zo kan hij er niet mee wegkomen."