Liveblog | 14 desimber 2023

112-nijs 14 desimber: Deade by slim ûngelok by Bûtenpost | Man ferstoarn by heftruckûngefal

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 14 desimber 2023, 23:09
23:09

Deade by slim ûngelok by Bûtenpost

Helptsjinsten by it ûngelok yn Bûtenpost
Helptsjinsten by it ûngelok yn Bûtenpost © CAMJO Media
By in ûngelok oan it Oost by Bûtenpost binne jûn meardere persoanen ferwûne rekke. Neffens de lêste berjochten soe ien fan de slachtoffers ferstoarn wêze. De plysje hat dat noch net befêstige.
Nei alle gedachten rekken de slachtoffers mei de auto fan de dyk en botsten se op in beam.
16:17

Njoggen moannen selstraf foar ûnder oare ynbraak en helen

De rjochtbank hat in 41-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak feroardiele ta njoggen moannen sel foar stellerij, fernieling en helen yn ferskate Fryske doarpen. De man waard yn de nacht fan 16 op 17 juny op 'e die pakt doe't hy flessen drank út in skuorre yn Burdaard stelle woe.
Dyselde nacht fernielde de man, op it plysjeburo yn Ljouwert, in apparaat dat fingerôfdrukken scant en dat brûkt wurdt om de identiteit fan fertochten fêst te stellen. Der moast in nij apparaat oanskaft wurde. De kosten, goed 2800 euro, binne foar rekken fan de fertochte.
Hy hat him fierder skuldich makke oan fjouwer gefallen fan helen fan ûnder oare telefoans en elektryske fytsen. Dêrneist is hy skuldich befûn oan it besykjen ta ynbraak. Dat alles hie ek plak yn Burdaard, yn deselde nacht dat er oanhâlden waard.
13:59

Plysjeman dy't op trekker fan Jouke skeat giet yn heger berop

De plysjeman dy't ferline jier by in boereprotest op boeresoan Jouke skeat giet yn heger berop tsjin syn straf. De rjochtbank feroardielde de plysje ta tachtich oeren wurkstraf en in selstraf fan in moanne ûnder betingst.
It is net hielendal wis oft de plysje en syn advokaat ek echt yn heger berop gean, dêr wurdt noch oer neitocht. Mar omdat de termyn foar it yntsjinjen fan heger berop hast ferrint is hjir no ta besletten. In ynsteld berop kin altyd wer ynlutsen wurde, sa lit advokaat Tjalling van der Goot witte.
12:51

Trailer fol pulp yn 'e brân yn Sumar

Trailer brân pulp
Blussende brânwachtlju © SRFotografie
De brânwacht hat oan it begjin fan 'e middei yn Sumar in brân yn in frachtwein fol pulp útmakke. It ferfiermiddel fleach yn 'e brân oan de Solcamastraat.
It slagge de brânwacht om de efterklep fan de trailer te iepenjen en sa it fjoer út te meitsjen.
Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend. De dyk is tydlik ôfsletten foar it ferkear.
12:04

Man ferstoarn by heftruckûngefal yn Wynjewâld

By it bedriuwsûngelok dat fan 'e moarn plakhie yn in bakkersbedriuw yn Wynjewâld is in man ferstoarn. Dat meldt de wurdfierder fan de arbeidsynspeksje. Oer de leeftiid en it wenplak fan de man docht de ynspeksje gjin útspraak.
It slachtoffer wie dwaande mei wurksumheden oan in heftruck, hy rekke dêrby beknypt.
De ynspeksje hat in strafrjochtlik ûndersyk opset, dat is standert by dit soarte ûngelokken.
10:33

Slim ûngefal by in bedriuw oan de Merkbuorren yn Wynjewâld

Ungefal bedriuwspân Wynjewâld
Helpferlieners binne te plak © Camjo Media
Der hat in slim ûngefal plak hân yn in bakkersbedriuw oan de Merkbuorren yn Wynjewâld, dat barde tongersdeitemoarn om 09.30 oere hinne.
Twa ambulânses, de brânwacht en in traumahelikopter binne te plak om medyske help te ferlienen.
De plysje hat de yngong fan it pân ôfset mei lint. De arbeidsynspeksje is te plak om ûndersyk te dwaan.