HEA! Frouljuskoar Leed-Vermaak sjongt smertlapen oer manlju

HEA! Leed-Vermaak yn Frjentsjer
Rika Kloosterman en in âld-kollega kamen der op in feestje achter dat se beiden fan jankfodden hâlde. Om't der net in smertlapekoar yn de buert wie, moasten se sels oan de bak.
Se diene in opropke yn it pleatselike krantsje en acht froulju melde harren oan. Dat wie it begjin fan frouljuskoar Leed-Vermaak út Frjentsjer.
It entûsjasme is grut by de froulju en it koar is yntusken útgroeid ta sa'n fjirtich leden. Der wurdt in soad oandacht oan goreografy en klean bestege en der wurdt faak songen oer manlju en wat dy harren allegearre oandogge, mar dan wol mei in knypeach.