Seehûn op Skier sit fêst yn ierappelpûde

De seehûn dy't fêstsit yn de pûde
De seehûn dy't fêstsit yn de pûde © Teun Nieuwenhuis
Seehûnen dy't fêstsitte yn netten of touwen, oerlibje dat meastal net. Dizze wike koe seehûnewachter Theun Talsma wol ien rêde: it bistje op Skiermûntseach siet fêst yn in ierappelnet.
De 'gewoane' seehûn waard woansdei fûn op it strân, folslein omwuolle yn de pûde. Dêrtroch waard it bist bot beheind en koe er hast net mear bewege, meldt Zeehondencentrum Pieterburen.
Griis of gewoan?
Der binne twa ferskate seehûnesoarten yn de Waadsee. Grize seehûnen ha in spitse snút, gewoanen ha in rûner kopke. Dêrnjonken ha grizen fertikale noasgatten, by de gewoanen steane se yn in V-foarm. Fierder binne de grize seehûnen agressiver en assertiver as de gewoanen.
Ferskate minsken dy't it bist seagen, ha melding dien by seehûnewachter Theun Talsma op it eilân. Dy seach ta syn fernuvering dat de seehûn noch libbe en koe 'm befrijde.
Omdat it bist gjin ferwûningen oprûn hie, wie opfang net nedich en koe er sa it wetter wer yn.
It bist waard befrijd troch Theun Talsma
It bist waard befrijd troch Theun Talsma © Teun Nieuwenhuis
It gefal fersterket foar it Zeehondencentrum it gefoel dat seehûnen faker fêst komme te sitten troch ôffal yn see. Undersiker Anna Salazar Casals, dy't wurket by it sintrum, jout dat ek oan: "Een jaar geleden hebben we een wetenschappelijk artikel gepubliceerd waaruit blijkt dat het aantal verstrikte zeehonden toeneemt in Nederland."
Dat de seehûn dizze wike befrijd wurde koe, is neffens har in útsûndering. "Veel andere dieren overleven dit soort verstrikkingen niet. Het laat zien hoe belangrijk het is om vervuiling van de zee te verminderen en verstrikte dieren zo snel mogelijk te helpen."