Snits wint op it nipperke en fersterket kopposysje

Nynke Oud fan Friso Snits
Nynke Oud fan Friso Snits © Dijks Media
Friso Snits hat op it nipperke wûn fan Sudosa-Desto. Yn Assen waard it 2-3 foar de ploech fan Erik Reitsma. Snits fersterket dêrtroch syn kopposysje yn de earedivyzje follybal.
De thúsploech wûn de earste twa sets, mei 25-23 en 25-22. Mei de rêch tsjin de muorre stie Snits op. De tredde set waard wûn mei 25-20 en de spannende fjirde einige yn 26-24 foar de Snitsers.
Yn de beslissende lêste set naam de thúsploech in lytse foarsprong, mar Snits bleau yn de buert en rûn dêrnei sels út. It twadde setpoint, op 14-12, wie raak.
Nei tolve wedstriden hat Snits 28 punten. De bêste fjouwer teams nei achttjin wedstriden pleatse har foar de kampioenspûl. Snits is regearjend lânskampioen.