Hoe fiere Friezen om utens krysttiid? "In soad Poalen hawwe in karper yn bad swimmen"

Krystbal yn beam
Krystbal yn beam © ANP
De krystdagen wurde yn elk lân wer oars fierd. Tusken de palmbeammen of yn 'e snie, by 35 graden of by -10 graden. Wy freegje fiif âlde bekenden fan ús bûtenlânrubryk Fryske Flagge hoe't sy it dogge yn it lân dêr't se no wenje.
Hûs yn de snie
In soad snie yn Poalen © Goitske de Vries-de Jong

Poalen: snie en karper yn de badkûpe

Krysttiid is wichtich foar Poalen, fertelt Goitske de Vries-de Jong, dy't fan Aldegea (Sm.) komt en no yn Lapsze Wyzne wennet. Gastfrij wêze, is hiel belangryk. By it diner op krystjûn moat altyd in board ekstra op tafel stean, bygelyks foar in dakleaze.
Karper yn bad
Karper yn bad © Sumci Labe (Youtube)
It haadgerjocht is karper en dy moat superfarsk wêze. Goitske: "Ik tink dat in soad Poalen oant krystjûn in karper yn it bad omswimmen hawwe." Oan de ein fan it diner krije de gasten in skobbe fan dy fisk mei, by wize fan goede winsk.
Op tafel stean tolve bygerjochten, ferwizend nei de tolve apostels. Elkenien moat wat fan dy gerjochten ite, al is it mar in lyts hapke. De gasten diele in wafel mei-inoar (oplatek). Under it ôfbrekken fan in stikje winsket elk de oar it bêste ta, wylst se inoar rjocht yn de eagen sjogge.
Op earste krystdei is der in ferklaaitradysje, dy't hiel yn de fierte wol wat tinken docht oan Sunneklaas op It Amelân. Frijgeselle jonges gean ûnder oare mei wolvepakken oan by de hûsdoarren del, om in frije frou tsjin it liif te rinnen of om bern kjel te meitsjen. Op It Amelân ferklaaie de manlju harren om kweade geasten te ferjeien.
Kaapstêd mei de Tafelberch en krystbeam op de foargrûn
Kaapstêd mei de Tafelberch en krystbeam op de foargrûn © Shutterstock, Frank Gaertner

Súd-Afrika: krystbeam fersiere yn koarte broek

Mei krysttiid is it simmer yn Súd-Afrika. Lykas by ús hawwe se dêr ek krystbeammen, krystiten en krystlieten. Mar mei temperatueren fan tsjin de 30 graden is de belibbing fan krysttiid oars, seit Martin Hofman fan Ljouwert. Tegearre mei syn frou Tirzah jout er mei syn kristlike stichting help oan earme minsken.
Krysttiid yn Súd-Afrika is de beam optúgje yn koarte broek, seit Tirzah. Al moai ier yn desimber binne der kryst-tsjerketsjinsten, want mei de krystdagen binne in soad Súd-Afrikanen fuort. Op fakânsje.
Lykas yn Grut-Britannië draait de krysttradysje yn Súd-Afrika om krystjûn op 24 desimber en om earste krystdei op 25 desimber. Op Twadde Krystdei is it Boxing Day. Dat is in frije dei dy't bûten krysttiid falt. Martin is berne op 26 desimber. Sûnt er yn Súd-Afrika wennet, hat er dus net mear syn jierdei mei krysttiid.
Krystsokken oan de skoarstienmantel
Krystsokken oan de skoarstienmantel © Shutterstock, Besjunior

Amearika: lange sokken oan de skoarstien

Se hat in grutte krystbeam en lange kadosokken by de iepen hurd te hingjen. Boalserter Anne de Winkle yn de Amerikaanske steat Idaho fiert mei har seis bern de krystdagen op syn Amerikaansk, mar ek Sinteklaas. Tsjin Amerikanen moat se hieltyd wer it ferskil tusken Santa Claus en Sinteklaas útlizze.
Krysttiid fiere se mei geselligens en kearsljocht. De krystman docht kadootsjes yn de lange sokken. Oft de bern leaf west hawwe, kriget er te hearren fan de elf on the shelf (de elf op de planke). Dy giet alle huzen bydel, sjocht hoe't de bern it dogge en fljocht dan werom nei de Noardpoal, om de krystman by te praten, sa wol it ferhaal.
De krystman komt oan mei de helikopter op it Skotske eilân Lewis
De krystman komt oan mei de helikopter op it Skotske eilân Lewis © Aaltsje Macaulay

Skotlân: aaklike ferklikkers en krystman yn de helikopter

Yn Skotlân hawwe se de tradysje fan de elf dy't thús by de minsken sjocht oft de bern wol leaf binne, oernaam fan de Amerikanen. Aaltsje Hiddema fan Aldegea (Sm.) en no wenjend op it eilân Lewis hat it net sa stean op dy elf on the shelf. Hy hâldt de húshâldings yn de gaten en hellet jûns allegearre fiten út. Aaltsje fynt him mar aaklik.
Krystelfen
Krystelfen © Aaltsje Hiddema
Fierders is krysttiid by Aaltsje-en-dy op Lewis gemoedlik. Se fiere se it tradisjoneel. By it famyljediner sitte seis minken oan tafel. Se ite kalkoen en pigs in blankets. Dy 'pigs' binne woarstjes en de 'blankets' is it spek dat derom hinne wuolle is.
pigs in blankets, krystmiel Skotlân woarstjes yn spek bewuolle
Pigs in blankets © Shutterstock, DronG
De measten op Lewis hawwe it krystdiner om sawat tolve oere middeis hinne, dan binne se op 'e tiid klear foar de taspraak fan de kening. By Aaltsje sjogge se dêr ek nei, mar dan oan it begjin fan it diner. Nei de wurden fan Charles skowe sy oan foar it krystmiel.
Spektakulêr is it as de helikopter delkomt. Hy fljocht leech oer en de krystman yn de iepen doariepening is dúdlik te sjen. Allegearre wolle se Santa Claus tawiuwe dy't faak noch in earerûntsje makket foar er nei de folgjende giet.
Nee, der wurde gjin pakjes út de helikopter nei bûten smiten, seit Aaltsje. Dy binne op mirakuleuze wize earder al delbrocht.