Provinsje wol "mear Fryslân yn Europa" en oarsom

ANP
Fryslân moat better te sjen wêze yn Europa, en oarsom, as it oan deputearre Douwstra leit © ANP
In bettere gearwurking mei de Europeeske Uny op it mêd fan de green deal, sûn âlder wurde en goed omgean mei wetter. Dat is it doel fan it nije Europabelied dat de provinsje Fryslân oan it ûntwikkeljen is.
De provinsje stelt dat nije belied op yn oparbeidzjen mei de Fryske gemeenten, it Wetterskip, de hegeskoallen en de bedriuwslibben. De útnûgingsbrieven om deroer mei te tinken en mei te praten binne dizze wike ferstjoerd, fertelt deputearre Friso Douwstra.
It nije Europabelied is dan ek noch lang net klear. It giet op dit stuit om in rûtekaart nei in nij Europabelied, dêr't Steateleden, gemeenten en oare organisaasjes noch harren eigen ideeën en foarstellen oan taheakje kinne.
deputearre steaten
Deputearre Friso Douwstra © Provinsje Fryslân
"We wolle in breed ferhaal fan de hiele regio Fryslân en net allinnich fan de provinsje. It is my in leaf ding wurdich as dat slagje soe", fertelt Douwstra.
De provinsje hat de lêste jierren te krijen mei in krimpende begrutting en sjocht ûnder oare dêrom nei de mooglikheid om mear gebrûk te meitsjen fan Europeeske fûnsen. Douwstra is him der lykwols bewust fan dat der dan ek ynhâldlike gearwurking wêze moat.
Wy moatte dan sels wol klear wêze mei ús ferhaal.
Friso Douwstra
"It giet om mear Fryslân yn Europa, mar ek om mear Europa yn Fryslân. It is fansels moai as Europeeske fûnsen bydrage kinne oan útdagings dy't we yn Fryslân hawwe, mar Fryslân kin ek proeftún wêze op dy ûnderdielen dêr't wy mei foaroprinne." Douwstra tinkt dan oan saken as sirkulêre ekonomy en wettertechnology.
Op it momint dat de nije Europeeske Kommisje begjint nei de ferkiezings fan juny 2024 moat it nije Fryske Europabelied der lizze. "Wêr't dy nije kommisje dan krekt mei komt witte we fansels noch net, mar wy moatte dan sels wol klear wêze mei ús ferhaal."

Mear gearwurkje mei Niedersachsen

De provinsje wurket, as ûnderdiel fan it Europabelied, ek oan in Fryske 'Dútslân-aginda' foar in yntinsivere gearwurking mei de Dútske dielsteat Niedersachsen. Beide saken waarden woansdei presintearre yn it platfoarm Europa fan Provinsjale Steaten.
Douwstra seit fierder dat er it spitich fynt dat VVD'er Jan Huitema takommend jier ophâldt as Europarlemintariër. "It is yn it belang fan Fryslân dat Fryske politisy ek yn Europa fertsjintwurdige binne. Ik hoopje dêrom dat syn partij - en ek de oare partijen - mei goeie Fryske kandidaten komme."
VVD'er Jan Huitema hâldt takom jier op as Europarlemintariër
VVD'er Jan Huitema hâldt takom jier op as Europarlemintariër © ANP
Sels folget Douwstra de Europeeske politike aginda aktyf, as lid fan it Comité van de Regio's, in advysorgaan fan de Europeeske Kommisje. "Alle nije beliedsfoarnimmens wurde oan it komitee foarlein. Je sjogge dêrom nije beliedsplannen oankommen en binne goed op de hichte."
Hy seit ta dat er de iepenbiere ynformaasje dy't er as lid fan it Comité krijt wol mei it Europaplatfoarm diele wol, sadat it foar Provinsjale Steaten makliker wurdt om pro-aktyf yn te spyljen en mei te praten oer Europeeske ûntwikkelings.