Boargemaster Rijpstra "hat it net maklik hân", sizze riedsleden

Yn maart 2019 waard Rijpstra yn Smellingerlân ynstalearre
Yn maart 2019 waard Rijpstra yn Smellingerlân ynstallearre © ANP
Better mei de fûst op tafel slaan, in moedich beslút en ûnrêst yn de gemeenteried net goed genôch oppakt. It binne guon reaksjes op it ôfskied fan boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân. Hy hie it ek net maklik, sizze guon riedsleden.
ELP-fraksjefoarsitter Yntze de Vries neamt it opstappen in moedich beslút. "Smellingerlân hat altyd in dreech bestjoerbere gemeente west. No ha we in yntegriteitsûndersyk, wêrfan't Rijpstra sein hat dat it in startpunt wêze moat foar in nije boargemaster mei hooplik in oplossing. Dat fyn ik in moedich en krêftich beslút."
Moaie wurden foar de boargemaster, mar De Vries fynt dat der in hiel soad better kind hie de ôfrûne jierren. "Elke boargemaster hat syn kwaliteiten, dus dy hat Rijpstra ek. We moatte wol konkludearje dat der trije oanjeften lizze fan riedsleden út in perioade dat der al ûnrêst wie. Dy saak is net oppakt."
Yntze de Vries
ELP-fraksjefoarsitter Yntze de Vries © Omrop Fryslân
Wurk oan de winkel dus. "We moatte in nije krêftdiedige boargemaster hawwe om de problematyk dy't hjir al jierren spilet oanpakke te kinnen."
Ferlet fan in diktator hawwe se fansels net, mar neffens De Vries is it somtiden wolris nedich dat ien "ús teplak sette kin".

"Der barde fuort fan alles"

Anton Pieters fan de PvdA sjocht mei wikseljende gefoelens werom. "Ik skat yn dat er it sels net sa ferwachte hie. Hy is binnenkaam en der barde fuort fan alles."
Sa gongen der yn relatyf koarte tiid acht wethâlders fuort. "Dêrnei binne wy yn 2020 út de koälysje stapt. Dat wie natuerlik ek nochal in proses. En dêrnei is der in sakekolleezje kaam. Alle respekt dêrfoar, want dy hawwe in soad flot lutsen. Mar hy hat it dus net echt maklik hân."
pvda
Anton Pieters (PvdA Smellingerlân) © Omrop Fryslân
Fan in nije boargemaster ferwachtet Pieters it ien en it oar. "Mar it gefaar is grut datst seist: it gie no net hielendal sa't wy woenen, dus we stelle in profyl op wêrmei't we in oare kant opsykje. Dat moat no krekt net, want dan ferjitte we oare dingen."

"Ko yn de kont sjen"

Pieters omskriuwt Jan Rijpstra as in boargemaster fan it 'manager-type': "Jou romte en dan ûntwikkelet it himsels. Ik haw wol tsjin him sein: somtiden hie it better west om even in kear mei de fûst op tafel te slaan. Wat dat foar sin hân hie, wit ik ek net. It is allegear achternei, it is in ko yn de kont sjen."
Persoanlik koe Pieters goed mei Rijpstra. "Ik kin bêst mei him opsjitte. Ik fyn it in prima boargemaster. We moatte ôfwachtsje wat der no nei foaren komt."
Boargemaster Jan Rijpstra sjocht werom op syn boargemasterskip:
Rijpstra (68) syn amtstermyn soe yn 2025 einigje, mar yn it neijier fan 2024 jout er it stokje al oer. Hy makke syn ôfskied tiisdeitejûn yn de riedsgearkomste bekend.