Mei graffity bekladde Geaubrêge Snits stiet te keap as "exclusieve watervilla"

Sa sjocht it gebou der no út
Sa sjocht it gebou der no út © De Landerije
In karakteristike wenning, sa meist it gerêst neame. De Geaubrêge yn Snits stiet te keap. Op sosjale media tilt it op fan de reaksjes op de advertinsje fan it betonnen bouwurk.
De makelder neamt it in "exclusieve watervilla." Alteast, it robúste blok beton moat dy potinsje wol hawwe. De Geaubrêge is as gehiel te keap, mei brêgehaad, baskulekelder en toer.
Foar 595.000 euro steane de 320 kante meter wenoerflakte en 1.601 kante meter grûn te keap. Dêr komt nochris seis ton by foar de ferbouwing. "Blikvanger", sa stiet de brêge labele op Funda. "De zeldzame ligging zorgt voor ultiem waterplezier en onvergetelijke ervaringen."

Wat fantasy nedich

Der is lykwols wol wat fantasy nedich om de skjintme fan de brêge yn te sjen. Op dit stuit is it noch foaral in mei graffity bekladde en mei moask begroeide konstruksje. Mar der is wol in fergunning ferliend om it transformearje te kinnen ta in moai hûs oan it wetter.
Je moatte it der yn sjen
Je moatte it der yn sjen © De Landerije
"In de huidige bunker komt het woongedeelte, met woonkamer, slaapkamer, woonkeuken en kelder", fertelt makelder Gernant Temminck. "Vanaf het grote terras kijk je zo uit op de Geeuw."

"Spannend en uniek"

Oan de kant fan de dyk wurdt in garaazje boud en oan de wetterkant in grut boathûs. "Zo kun je vanaf het water je huis binnenvaren."
Der is al in pear hûndert kear belle en maild nei de makeler foar it bouwurk. It fernuveret Temminck net. "Afgelopen jaren verkochten we vaker van dit soort aparte panden. Watertorens, stoomgemalen, kerkjes, molens. Daar wordt altijd veel op gereageerd. Mensen vinden het spannend en uniek."
Strak toch? Droomwoning.
'TikTok-makelder' Korné Pot
In soad minsken fernuverje har lykwols oer it feit dat dy 'artist impressions' earst te sjen binne, dêrnei folgje pas de echte foto's fan hoe't it der no by leit.
Op Instagram krige de opmerklike advertinsje hûnderten likes yn in post fan Korné Pot, dy't bekend stiet as TikTok-makelder en geregeld fideo's makket fan bysûndere huzen.
"Dit is toch heel gaaf als je zo woont. Wat een uitstraling, strak toch? Droomwoning", seit er oer de Geaubrêge, wylst er de ympresjes sjen lit. "Behalve één zeer belangrijk detail. Wat je net zag is: wat je ervan kan maken." En dus net wat it no is.
'Pripperstraat 90' leit wol neist de dyk
'Pripperstraat 90' leit neist de dyk © Google Street View
It bouwurk leit deun njonken de rûnwei N7. Om it leven dêrwei tsjin te hâlden, wurdt der in lûdswâl fan twa meter heech pleatst. "Die komt langs de tuin over de bunker", seit makelder Temminck. "Zo zit je op je terras helemaal vrij."
De Geaubrêge waard yn 1974 iepene om dy dyk mei de oare kant fan it wetter te ferbinen. Mar troch de drokte op it wetter moast de brêge faak iepen en ûntstiene der geregeld files.
Yn 2008 is de brêge foar in part sloopt. Hjoed-de-dei foarmet it akwadukt De Geeuw de ferbining foar it ferkear, ûnder it kanaal troch.
Der hawwe ideeën west om yn de baskulekelder in poppoadium te bouwen of fan de brêge in keunstwurk te meitsjen, mar dy plannen kaam net fan de grûn. It stiet noch hieltyd leech.