Plysjesjef fynt dat PowNed plannen by Sunneklaasfeest melde moatten hie

Martin Sitalsing
Martin Sitalsing © ANP Foto
Omrop PowNed hie yn it foar oanjaan moatten dat se op It Amelân ferslach dwaan soene fan it Sunneklaasfeest. Dat seit Martin Sitalsing, plysjesjef fan Noard-Nederlân. "Je kon verwachten dat er misschien een spannende situatie zou ontstaan."
Sitalsing fertelt dat der twa plysjeminsken op it eilân wiene doe't de spanning oprûn tusken bewenners en ferslachjouwers. "Als we van tevoren hadden geweten dat PowNed naar Ameland zou komen, dan hadden we iets kunnen organiseren en naar believen kunnen handelen."

Goeie ôfspraken meitsje

Neffens de plysjesjef wie it oannimlik dat de sjoernalisten net komme soene om feitlik ferslach te dwaan fan Sunneklaas. "Je kon verwachten dat het misschien een spannende situatie zou ontstaan."
"Je moet daarom goede afspraken maken voor de persveiligheid en daarin samen optrekken. Wij zijn namelijk altijd bereid om een stap naar voren te maken."

Gjin eigen skuld, dikke bult

Sitalsing seit mei klam dat PowNed de agresje fan de bewenners net oer himsels ôfroppen hat. "Journalisten moeten hun werk op een veilige manier kunnen doen. We gaan uitzoeken wat er precies is gebeurd. Er ligt een aantal aangiftes bij het OM."
Alde bylden fan it Sunneklaasfeest
Alde bylden fan it Sunneklaasfeest © Omrop Fryslân
De kameraploech fan de omrop PowNed kaam op 5 desimber nei it feest op it eilân. De komst soarge foar in konflikt. By it feest binne bûtensteanders, oftewol minsken fan it fêstelân, yn prinsipe net wolkom.
Jens van den Brink, advokaat fan PowNed, foel fan syn stoel troch de wurden fan Sitalsing. "Ik vind het niet te geloven. Onacceptabel. Hopelijk beseft Sitalsing wat voor signaal hij hiermee afgeeft."
Het is alsof de politiechef zegt dat als je naar Ameland gaat, je een soort van Gazastrook kan verwachten.
Jens van den Brink, advokaat fan PowNed
De advokaat fynt dat de plysjesjef te min omtinken hat foar wat der gebeurd is. "Er is een groep journalisten aangevallen. Zij werden in de auto met hoge snelheid achtervolgd, links, rechts ingehaald en ook nog expres geramd. We hebben het over een levensbedreigende situatie."

Gazastrook

Dêrnei: "Het is alsof hij zegt dat als je naar Ameland gaat, je een soort van Gazastrook kan verwachten. Ik lees tussen de regels door dat hij denkt: 'Ach, het zijn relschoppers van PowNed. Die komen om ruzie te zoeken.'"
Op de fraach oft de omrop oanjaan moatten hie dat der ferslachjouwers komme soene, jout er gjin antwurd.
Dominique Weesie
Dominique Weesie fan PowNed © ANP
Omrop PowNed hat by it Iepenbier Ministearje en de plysje in klacht yntsjinne oer de fuortgong fan it ûndersyk nei it 'Sunneklaasynsidint' op It Amelân.
"Er is een auto geramd. Dat is het meest ernstige feit. Het kan goed zijn dat er in de deuk van de auto, verf van de andere zit. Met een eenvoudig sporenonderzoek kun je dus achterhalen wie dat heeft gedaan." De ramde auto stiet lykwols by in leasebedriuw yn Amsterdam.

PersVeilig Protocol

Neffens Van den Brink stiet yn it PersVeilig Protocol dat der fuortendaliks opfolging jûn wurde moat oan ûndersyk by agresje tsjin sjoernalisten. "En daar merken we niets van."