Fryske fraksje bliid dat nije partijlieder SP in noarderling is: "Een straatvechter"

Fraksjefoarsitter Hanneke Goede fan SP Fryslân
Fraksjefoarsitter Hanneke Goede fan SP Fryslân © Omrop Fryslân
De Fryske SP is te sprekken oer it oanwizen fan Jimmy Dijk as nije partijlieder. Fraksjefoarsitter Hanneke Goede fan SP Fryslân hat Dijk al útnûge op it provinsjehûs yn Ljouwert.
De 38-jierrige Jimmy Dijk is unanym keazen troch de oare Twadde Keamerleden fan de SP. Hy folget Lilian Marijnissen op, dy't koartlyn bekendmakke har taken del te lizzen nei de minne ferkiezingsútslach foar de partij.

Noarderling oan it roer

Dijk komt út Grinslân en by de Fryske SP binne se deroer te sprekken dat de nije lieder in noarderling is.
"Dat is alleen maar mooi", stelt Goede. "Ik heb 'm via de app uitgenodigd om ook in ons provinciehuis langs te komen om kennis te maken. Als grapje, want we kennen Jimmy allemaal goed."
Jimmy Dijk is de nije partijlieder foar de SP
Jimmy Dijk is de nije partijlieder foar de SP © ANP
Dijk fierde yn septimber noch aksje by soarchfersekerder De Friesland yn Ljouwert foar it behâld fan de sikehuzen fan Snits en It Hearrenfean. Hy hat him ek wol kritysk útlitten oer it ferdwinen fan bushalten yn Fryslân. In man dy't it noarden net ferjit, tinkt Goede.

Koarte linen

Sy ferklearret yn goed kontakt te stean mei Dijk. "De lijntjes zijn kort. We kunnen hem informatie geven uit alle provincies. Hij heeft met alle fractievoorzitters goed contact."
Goede hopet him dan ek gau ferwolkomje te kinnen. "Als je uit Groningen komt, kun je Friesland gewoon niet overslaan."
Hanneke Goede yn de Steaten
Hanneke Goede yn de Steaten © Hoge Noorden / Jacob van Essen
De SP hat lanlik noch mar fiif sitten oer, wylst dat der yn 2006 wol 25 west hawwe. Mar de ôfrûne fiif ferkiezingen ferlear de SP hieltyd wer.
Hoewol't in typysk SP-tema lykas opkomme foar minsken mei in smelle beurs yn de ôfrûne ferkiezingen ek in grut tema wie ('besteanswissigens'), fertaalde him dat net yn stimmen foar de sosjalisten.

Mear pit nei Marijnissen

"Lilian was heel erg rustig en gematigd, ze gooide er wat meer cijfers in. Misschien is dat niet altijd helemaal aangekomen", seit Goede oer it fraksjefoarsitterskip fan Marijnissen.
Goede har hoop is dat Dijk it better oanfleane kin. "Het is een staatvechter, hij staat aan de barricades. Hij wil heel graag, het is de jonge hond die vooroploopt om te zorgen dat er actie komt. Ik denk dat Jimmy de goede persoon is om onze landelijke fractie te trekken."
Lilian Marijnissen hat ôfskied naam
Lilian Marijnissen hat ôfskied naam © ANP
Goede is net tefreden mei de útslach fan de lanlike ferkiezingen en it rjochtse kabinet dat der liket te kommen. "Maar Jimmy zit op de goede plek om de SP en de oppositie een goede stem te geven", seit sy.
"Hij is echt het type: als je geen gelijk hebt, lult hij je onder de tafel en heb je wel gelijk, dan lult hij je alsnog onder de tafel. Jimmy kan mensen meetrekken. Als hij wat vertelt, dan geloof je het."

Kiezers oer de streek lûke

Dijk sit pas njoggen moannen yn de Keamer, mar hy wurdt wol as in echte partijman sjoen. Mei de nije fraksjefoarsitter hopet de partij minsken mei sympaty foar it sosjalistyske gedachtegoed ek wer oer de streek te lûken om echt op de partij te stimmen.