Sa makke Timo it jieroersjoch fan 2023: "It is krekt as bakke je bôle"

Timo Jepkema presintearret it Jieroersjoch 2023
Timo Jepkema presintearret it Jieroersjoch 2023 © Omrop Fryslân
De brân op it skip de Fremantle Highway, in grutte rêdingsoperaasje foar in kat en fansels twa ferkiezingen. It is mar in lytse greep út it nijs fan 2023. Al dy hichte- en djiptepunten komme foarby yn it jieroersjoch fan Omrop Fryslân.
Ferslachjouwer en presintator Timo Jepkema hat it jieroersjoch gearstald en nimt it publyk yn in fjirtich minuten duorjende útstjoering mei troch it ôfrûne jier. Mei him prate we oer wat der allegear sjen komt by it meitsjen fan it jieroersjoch.
Trailer Jieroersjoch 2023
Wat is de opset fan it jieroersjoch?
"We nimme de sjogger mei op reis troch 2023. Yn fûgelflecht sjogge we werom op it jier. Mei in bus meitsje we in tocht lâns mominten dy't opfoelen. Dit dogge we mei gasten dy't dit jier yn it nijs wienen. Sa sitte ûnder mear Abel Kooistra fan de BBB, âld-keatster Marrit Zeinstra en twa Oekraynske flechtlingen yn de bus."
It jier fan Klaske Smid, sy sette in petysje op om it iepenbier ferfier yn Himmelum te ferbetterjen
"Ik moast dit jier it hûs út om't ik net nei Himmelum reizgje koe, der ried jûns gjin bus mear. No wenje ik yn Ljouwert. Dat wie yn it begjin wennen en ek wol frustrearjend, want waardst behindere yn watst dwaan wolst. Mar no haw ik myn plakje wol fûn."
"Ferline jier waard der in soad nei it jieroersjoch sjoen. Dat wie foar ús de reden om de útstjoering wat út te bouwen en mear ferdjipping oan te bringen. Sa litte we net allinnich de wichtichste mominten fan it jier sjen, mar geane we ek mei minsken yn petear."
Hoe bepaalst wat wol en wat net yn it jieroersjoch komt?
"Dat binne sjoernalistike ôfwagings dy't je meitsje moatte. Ik besykje in line te kiezen om it begryplik te hâlden foar de sjogger, mar je kieze ek foar saken dêr't je in soad byld fan hawwe. We hawwe in grutte boarne fan reportaazjes en we kieze foar de saken dy't opfoelen."
It jier fan Abel Kooistra, syn BBB waard dit jier de grutste yn Provinsjale Steaten
"It wie in memorabel jier. Der is in libben foar en nei 15 maart. Earst wie ik mar in gewoane jonge en no moast ik ynienen lieding jaan oan in fraksje en de formaasje op in goede wize foarmjaan."
Hoe giet it proses fan it meitsjen fan in jieroersjoch yn syn wurk?
"Earst binne je bylden oan it 'spotten', wat is oantreklik om te brûken? Dat doch ik it hiele jier troch. Dêrnei sette ik alles op gronologyske folchoarder. Sa besocht ik in reade tried te finen."
Oekraynske flechtlingen Oleksandr en Yuliia yn de bus, op de eftergrûn Marrit Zeinstra
Oekraynske flechtlingen Oleksandr en Yuliia yn de bus, op de eftergrûn Marrit Zeinstra © Omrop Fryslân
"Dêrnei begûn it logistike proses: teksten skriuwe, opnamen meitsje, ûnderwerpen yndiele en neitinke oer in kreative fertelfoarm. Om't it iepenbier ferfier it ôfrûne jier in protte yn it nijs west hat, mei stakings, konsesjeperikels en in fersobere tsjinstregeling, haw ik foar in 'busreis' keazen."
It jier fan Marrit Zeinstra, sy sette in punt efter har keatskarriêre
"Dit jier haw ik alles wûn wat der te winnen foel. Sa koe ik myn karriêre op in moaie wize ôfslute. Fierder wie ik dwaande mei myn stúdzje Fysioterapy. Ik ha in hiele moaie staazje hân yn it refalidaasjesintrum yn Beetstersweach."
"Dan is it in kwestje fan montearje: kwoots útkieze, oerlizze mei kollega's fan de foarmjouwing, oerlizze mei de kameraman en as lêste sjocht in editor nei de útstjoering om de puntsjes op de i te setten."
"It fielde krekt oft bakten je in bôle: je pakke allegear yngrediïnten en dêrmei besykje je in sa goed mooglike bôle te bakken. It is echt in ambacht."
Hokker nijsfeit is dy dit jier it meast bybleaun?
"Dat it Eise Eisingaplanetarium wrâlderfgoed wurden is. Dat is miskien net it grutste nijs fan dit jier, mar it falt wol op. Minsken oer de hiele wrâld witte no dat it planetarium fan universele wearde is. Dat is hiel bysûnder."
De flagge út by it Planetarium fanwegen de wrâlderfgoedstatus
De flagge út by it Planetarium fanwegen de wrâlderfgoedstatus © Omrop Fryslân
"Sels wie ik der as ferslachjouwer by. We seagen op in skerm nei de bekendmakking. It wie wol hiel moai om dêr by te wêzen."
Wat fynst derfan datst it jieroersjoch meitsje mochtst?
"Dat fyn ik in hiele eare. It jieroersjoch is it einstasjon fan ferhalen, dy't troch sjoernalisten mei in soad passy en leafde makke binne. Ik fyn it bysûnder dat ik de sjogger dêr noch ien kear yn meinimme mei."
It jier fan Oleksandr en Yuliia Marianko, sy sitte yn Nederlân fanwegen de oarloch yn harren thúslân Oekraïne
"It wie in dreech jier foar ús. Wy wienen lang fan elkoar skieden. Gelokkich koe Oleksandr hjir yn april nei ta komme, mar myn âlders binne noch hieltyd yn Oekraïne en dat is hiel swier. Wy fiele gelokkich in soad stipe fan de minsken yn Nederlân. Foar 2024 kinne we noch gjin plannen meitsje: ús doel is om te libjen en lokkich te wêzen."
"It is ek wichtich om even stil te stean by wat je meimakke hawwe, even de balâns opmeitsje. Komst in soad saken tsjin wêrfan'tst tinkst: oh, wie dat dit jier? En it set ek in soad saken yn perspektyf."
Wat wie dan sa'n nijsfeit wêrfan'tst tochtst: wie dat dit jier?
"De ynfiering fan staasjejild op blikjes bygelyks en de brân op de Fremantle Highway. Mar ek de winst fan de BBB by de Provinsjale Steateferkiezingen. Troch de Twadde Keamerferkiezingen fan novimber soest dat hast ferjitte."
It jier fan Arjan Hut, de nije dichter fan Fryslân
"It wie in op-en-deljier. Earst hie ik wol wat panyk dat der net genôch wurk wie. In soad fan myn fêste putsjes waarden ôfsein. No is der krekt stress fan te folle wurk. It wurk sjocht der fierder wol ûngefear itselde út, mar no krij ik mear publisiteit. Dat is fansels wol hiel noflik en ek bysûnder."
It Jieroersjoch wurdt alle oeren werhelle
It Jieroersjoch wurdt alle oeren werhelle © Omrop Fryslân