Liveblog | 13 desimber 2023

112-nijs 13 desimber: Frou langer fêst om dea 41-jierrige Snitser

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 13 desimber 2023, 14:44
14:44

Frou langer fêst om dea Snitser

In 32-jierrige frou út Snits bliuwt tritich dagen langer fêst sitten, omdat se fertocht wurdt fan belutsenheid by de dea fan in man fan 41 jier út deselde stêd. Dat meldt it Iepenbier Ministearje.
De man út Snits kaam nei alle gedachten troch in misdriuw om it libben yn de nacht fan 4 op 5 maaie.
Earder waard al in 22-jierrige man sûnder fêst wenplak oanholden fanwegen mooglike belutsenheid by de dea fan de Snitser.
10:02

Ferwikseling fan autobrêge Lauwerseach slagge

In foto fan it wurk ôfrûne nacht
In foto fan it wurk ôfrûne nacht © @RWS_NN
It ferwikseljen fan de autobrêge by de feardaam fan Lauwerseach is goed ferrûn. Dat makke Ryskwettersteat bekend.
De autobrêge is neffens Rykswettersteat oan 'e ein fan syn libbensdoer. De brêge en syn boppebou geane foar in jier nei de wurkpleats. Salang kinne minsken in tydlike brêge brûke. Ein 2024 wurdt it renovearre brêgedek werompleatst.
09:45

Man yn stellen auto oanholden op A7

In oanhâlding
In oanhâlding © Shutterstock.com (rafa jodar)
De plysje hat tiisdei op de A7 in 36-jierrige man oanholden. Dat barde op 'e hichte fan Beetstersweach. De man ried om yn in Belgyske auto dy't stellen wie.
Dat wie net it iennige, want it die bliken dat de man ek nochris 115 dagen selstraf útsitte moast. De man is dêrom oanholden en de auto is yn beslach naam.