Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân hâldt takom jier op

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân © Gemeente Smellingerlân
Boargemaster Jan Rijpstra (68) fan Smellingerlân hâldt op. Dat hat er tiisdeitejûn yn de riedsgearkomste bekendmakke.
Rijpstra syn amtstermyn soe yn 2025 einigje, mar yn it neijier fan 2024 jout er it stokje al oer. Troch syn ôfskied no oan te kundigjen, jout er de gemeenteried genôch tiid in opfolger te sykjen. Hy hechtet oan in "warme overdracht".
Der is al in hiel skoft gedoch yn de ried fan Smellingerlân. Dat kaarte de boargemaster ek oan by syn oankundiging op te hâlden.
"We zijn begonnen om de omgangsvormen en cultuur in de gemeenteraad te onderzoeken. Ik verwacht dat de resultaten van het onderzoek medio 2024 worden gepresenteerd."

Ried kin nije faze yn

Mei de resultaten fan dat ûndersyk kin de ried neffens Rijpstra in nije faze yngean. "Ik vind het belangrijk dat mijn opvolger daar vanaf het begin deel van uitmaakt."
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
Hy neamt syn tiid as boargemaster "topsportjaren, met trieste, maar ook gelukkige momenten."
Rijpstra waard yn febrewaris 2019 foardroegen as boargemaster fan Smellingerlân. In moanne letter waard er offisjeel beneamd as opfolger fan Tom van Mourik, dy't doe waarnimmend boargemaster wie.

Lange politike karriêre

Rijpstra hat al in lange politike karriêre efter de rêch. Hy begûn yn 1988 foar de VVD yn de gemeenteried fan Grins. Nei koarte tiid riedslid west te hawwen yn Meppel makke hy de oerstap nei de Twadde Keamer, dêr't er fan 1994 oant 2005 sitten hat.
Dêrnei folge syn earste boargemastersput yn de gemeente Tynaarlo. Hy wenne mei syn famylje in skoftke yn Switserlân, mar kaam yn 2014 werom om boargemaster fan Noordwijk te wurden. Doe't dy funksje troch in weryndieling kaam te ferfallen, bedarre Rijpstra yn Smellingerlân.
Neist de polityk hat Rijpstra tal fan oare bestjoersfunskjes hân, ûnder oare yn de sportwrâld. Hy hat sels ek in eftergrûn yn de sport, hy folge de Academie voor Lichamelijke Opvoeding. Rijpstra is berne yn Gouda, mar syn famylje komt oarspronklik út Fryslân wei.