PowNed tsjinnet klacht yn oer fuortgong ûndersyk nei 'sunneklaasynsidint'

In mikrofoan fan omrop PowNed
In mikrofoan fan omrop PowNed © ANP
Omrop PowNed hat by it Iepenbier Ministearje in klacht yntsjinne oer de fuortgong fan it ûndersyk nei it 'sunneklaasynsidint' op It Amelân. De advokaat fan de omrop seit dat "de politie geen of nauwelijks onderzoek heeft gedaan, ondanks de ernst van de feiten."
Yn in brief út namme fan de omrop seit advokaat Jens van den Brink dat de auto fan PowNed, dy't ramd waard, nei in wike noch net ûndersocht is.
"Terwijl dit onderzoek vrij gemakkelijk had kunnen leiden tot een match met de auto die op hen in is geramd", skriuwt er. "Tot op heden is geen verzoek gekomen om de auto te onderzoeken."
Dominique Weesie, oprjochter en foarsitter fan PowNed
Dominique Weesie, oprjochter en foarsitter fan PowNed © ANP
Omdat de auto net ûndersocht is, "vreest PowNed dat het onderzoek ook verder niet van de grond is gekomen."
Ook nadien blijkt dat justitie en politie de zaak kennelijk zonder enige urgentie benaderen.
In brief fan PowNed en harren advokaat
De advokaat en de omrop fine it ek nuver dat der "niet is gereageerd op de aangifte van PowNed en zijn medewerkers, en er geen vervolggesprek is ingepland waarin verklaringen kunnen worden afgenomen."
PowNed en de advokaat wolle in petear mei it Iepenbier Ministearje. "PowNed had verwacht dat de kwestie met de grootst mogelijke zorgvuldigheid en snelheid zou worden opgepakt. Zeker na het verzuim door de politie op Ameland. Maar ook nadien blijkt dat justitie en politie de zaak kennelijk zonder enige urgentie benaderen", stiet yn de brief.
It Iepenbier Ministearje Noard-Nederlân liet tiisdeitejûn oan parseburo ANP witte dat se de brief ûntfongen ha. "We gaan een reactie sturen", seit in wurdfierder.

Noch gjin fertochten op it each

De plysje Noard-Nederlân lit witte dat se noch neat sizze kinne oer de fuortgong fan it ûndersyk. Der binne noch gjin fertochten op it each en ek noch gjin oanhâldingen ferrjochte. De plysje wol by it ANP net reagearje op de fraach wêrom't de auto noch net ûndersocht is of wêrom't de sjoernalisten noch net benadere binne.
Sjoernalistefakbûn NVJ lit witte "dat dit onderzoek prioriteit moet krijgen. Vanaf het eerste moment is de politie niet voortvarend te werk gegaan."

Boargemaster wol noch net reagearje

De NVJ is fierder net te sprekken oer de mediastilte fan boargemaster Leo Pieter Stoel (VVD) fan It Amelân. It fakbûn hat fan "lokale media" negative lûden heard oer it feit dat Stoel sûnt it ynsidint gjin ynterviews jout.
Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân
Boargemaster Leo Pieter Stoel fan It Amelân © ANP
Sa woe er him moandei, by de earste riedsgearkomste sûnt it ynsidint, noch net útlitte oer it foarfal. Hy wachtet it ûndersyk ôf foardat er mei de parse praat. Nei de riedsgearkomste wie Stoel net beskikber foar fragen: hy gong fuortendaliks nei de ein fan de gearkomste fuort.
In wurdfierder fan de boargemaster lit yn in reaksje witte dat "de gemeente en de burgemeester op de website heel duidelijk hebben gemaakt dat we geweld altijd afkeuren".