Gjin Fryske klup yn bekerfinale iishockey: ek UNIS Flyers útskeakele

de Flyers hawwe ferlern yn Den Haach
De Flyers hawwe ferlern yn Den Haag © DijksMedia
De UNIS Flyers hawwe harren net witte te pleatsen foar de finale fan de Nederlânske beker. Yn de heale finale ferlearen de iishockeyers fan It Hearrenfean oer trije wedstriden fan HIJS Hokij út Den Haag.
De earste wedstriid yn Den Haag waard wûn troch de Flyers, mar ôfrûne snein gong de ploech yn Thialf onderút. Dêrom moast de wedstriid fan tiisdei dus de beslissing bringe.

Spannend skoareferrin

Yn de earste perioade kaam HIJS Hokij al gau op in 1-0 foarsprong. It wie it iennichste doelpunt fan dy perioade.
Frankie Pucci makke yn de twadde perioade de 1-1 foar de Flyers. Oan de ein fan de twadde perioade sette Jesse Barwell de Flyers op foarsprong, mar HIJS Hokij kaam yn dyselde perioade noch werom oant 2-2.
Yn de lêste perioade skoarde de thúsploech noch ien kear. HIJS Hokij bepaalde de einstân dêrmei op 3-2.
De finale fan it toernoai is op snein 4 febrewaris. De tsjinstanner fan HIJS Hokij is dan Snackpoint Eaters Limburg, dat de Capitals út Ljouwert fersloech yn de oare heale finale.