Is fertrouwenskrisis Skylge nog op te lossen? "Der wurdt in soad rabbe"

Lennard Raad Skylge
Verslaggever Lennard Jan Geerts © Omrop Fryslân
Hoe giet de ried fan Skylge om mei de ûntstiene fertrouwenskrisis? Dêr komt tongersdei mooglik mear dúdlikheid oer. Dan sjogge de riedsleden wat der noch te lymjen is en oft sy in takomst mei elkoar sitten sjogge.
Ferline jier septimber joech in grut part fan de gemeenteried oan dat se it fertrouwen yn boargemaster Caroline van de Pol opsizze. Dat wie it begjin fan in lange fertrouwenskrisis. Neffens de ried hat Van de Pol net goed hannele yn it dossier fan eveneminten op it eilân.
De gemeenteried woe dat de boargemaster fuortgie, mar kommissaris fan de Kening Brok akseptearre dat net. Neffens him is it probleem grutter en giet it om it funksjonearjen fan alle bestjoerslagen (boargemaster, wethâlders en riedsleden) yn de gemeente Skylge.
Ferslachjouwer Lennard Jan Geerts fertelt oer de situaasje op it eilân.
Lennard, de fertrouwenskrisis op Skylge duorret al mear as in jier. Wat is de kearn fan it probleem?
"It gebrek oan ûnderling fertrouwen en it amateurisme fan de ferskate bestjoerslagen. Der gebeure faak dingen dy't net profesjoneel oerkomme. Dat stiet ek yn de ferslaggen fan it ferbettertrajekt.
Ien foarbyld: nei in gearkomste by de gemeente giet de boargemaster earder fuort, se seit sels om't se de oare deis mei de earste boat nei it fêstelân moat. Mar letter docht bliken dat se yn in kafee op it eilân sit.
Caroline van de Pol Skylge rie
Caroline van de Pol, boargemaster fan Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De boargemaster seit dat it har eigen kar is en dat se nei it wurk dwaan mei wat se wol. Mar it soarget foar skeane gesichten by riedsleden. Dat lit it bredere probleem fan gebrekkige kommunikaasje en fertrouwen binnen it bestjoer dúdlik sjen."
Ek de ynterne ferhâldingen yn it gemeentebestjoer binne net goed. Hast foarbylden?
"Yn it bestjoer fan it eilân is faak spanning, benammen tusken de boargemaster en de wethâlders. As de boargemaster earne hinne giet, litte de wethâlders it ôfwitte. En as in wethâlder op in plak is, bliuwt de boargemaster thús.
As it kolleezje tegearre nei in ôfspraak oan de wâl moat, reizgje se faak apart en sitte se net tegearre op de boat."
Hoe is der wurke oan it ferbetterjen fan de ferhâldingen?
"Yn juny hat de gemeenteried, op oantrúnjen fan de kommissaris fan de Kening Arno Brok, in plan fan oanpak opsteld. Om de saken te ferbetterjen, waard Pauline Krikke, âld-boargemaster fan ûnder oare Den Haag en Arnhem, ynskeakele as ferkenner en letter as begelieder. Se fierde ferskate petearen om de ûnderlinge relaasjes te ferbetterjen.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok
Kommissaris fan de Kening Arno Brok © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Ut de ferslaggen fan dy petearen docht bliken dat der noch hieltyd âlde problemen binne. Boppedat liket it derop dat de profesjonaliteit fan alle bestjoerslagen noch net optimaal is. Der wurdt in soad rabbe en achter elkoars rêch om praat, dêr't sawol riedsleden, wethâlders as de boargemaster oan by lykje te dragen."
Kommissaris Brok die begjin dit jier in berop op boargemaster, wethâlders en riedsleden om de ynterne ferhâldingen te ferbetterjen. Is dat in bytsje slagge?
"Dat moat yn de riedsgearkomste fan tongersdeitejûn bliken dwaan. Guon ferslaggen binne foarôfgeand oan dy gearkomste alfêst iepenbier makke, wêrút bliken docht dat it kolleezje pas op 21 novimber 2023 byelkoar sitten gien is foar in opdracht dy't yn juny úteinset wie. Dat is frij let, en it ropt fragen op oer hoe serieus eltsenien dizze kwestje nimt.
De gemeenteried sels hat wol stappen set op it mêd fan ûnderling fertrouwen. Benammen de ferhâldingen tusken bestjoerslagen is in probleem."
Kín de gemeenteried de twa wethâlders en boargemaster Caroline van der Pol fuortstjoere?
"As de gemeenteried gjin fertrouwen mear hat yn de twa wethâlders, kinne sy dat kenber meitsje troch in moasje fan wantrouwen yn te tsjinjen. As dizze moasje mei in mearderheid oannaam wurdt, liedt dat ta it ûntslach fan de oanbelangjende wethâlder. In moasje fan wantrouwen kin rjochte wêze tsjin in spesifike wethâlder, mar ek tsjin it hiele bestjoer.
Skylge Rie Caroline van de Pol
De raadsvergadering van de gemeente Terschelling © Omroep Zilt, Lennard Geerts
It is lykwols frij lestich om de boargemaster fuort te stjoeren. Gewoanwei wurdt in boargemaster oannommen troch middel fan in sollisitaasjeproseduere by de gemeenteried. Dus je soene tinke dat as de ried gjin fertrouwen mear hat, se de boargemaster ûntslaan kinne.
Mar yn werklikheid giet it om in beneaming troch de Kroan, dêr't in oare proseduere foar jildt. De kommissaris fan de Kening en de minister fan Ynlânske Saken hawwe dêryn benammen it lêste wurd.
Brok hat earder dit jier sein dat as it ferbettertrajekt goed giet, mar der gjin ferbettering is by de boargemaster, hy de situaasje en it fersyk ta ûntslach mei de minister beprate sil. "
Do bist sels ek eilanner, wat fine de eilanners fan de fertrouwenskrisis?
"In soad eilânbewenners binne der hielendal klear mei. Op it eilân hearsket it gefoel dat troch dizze problemen de echte problemen net mear oanpakt wurde, lykas de fernijing fan de haven en it tekoart oan wenningen. Der liket in langstme te wêzen nei in frisse start, wêrby't alle bestjoerders fuortgean. Mar oft dat gebeure sil, moat de kommende perioade bliken dwaan."