Makkingeaster boer Jan Huitema (VVD) hâldt op as Europarlemintariër

Jan Huitema hâldt op as Europarlementariër
Jan Huitema hâldt op as Europarlementariër © ANP
De Fryske Europarlementariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea is mei syn lêste healjier dwaande yn Brussel en Straatsburg. Nei tsien jier yn it Europeeske Parlemint hâldt er op.
Huitema stelt him net ferkiesber foar it kommende termyn yn it Europeesk Parlemint. Dat fertelde er tiisdeitemiddei oan Omrop Fryslân.
"It wurk is echt net foarby, allinnich ik fyn it lestich om it nochris fiif jier te kombinearjen mei privee en oare dingen dêr't ik mei dwaande bin. Nei tsien jier is it ek in moaie kâns om wat oars te dwaan."
Ik hie in ôfgryslike soad ynfloed yn it Europeesk Parlemint, dus it is spitich om dat op te jaan.
Jan Huitema sil it wol misse
Huitema wol rêstich de tiid nimme om te sjen wat er yn de takomst dwaan wol. Dochs nimt er mei pine yn it hert ôfskied. "Ik hie in ôfgryslike soad ynfloed yn it Europeesk Parlemint, dus it is spitich om dat op te jaan. Mar it is tiid foar wat oars".
Fryslân liket lykwols wol in Europarlemintariër te behâlden, omdat Anja Haga (ChristenUnie) nei alle gedachten wol opnij ferkiesber wêze sil. Dêr is Huitema ek bliid mei: "Brussel liket fier fuort, mar der wurde sa'n soad wichtige beslissingen naam. Dêrom is it ek tige wichtich dat der ek folksfertsjintwurdigers út Fryslân binne."

Kampanje op de trekker

Huitema kaam yn 2014 as ferrassing yn it Europeesk Parlemint, want de boer fan Makkingea stie by syn partij, de VVD, op in ûnferkiesber sechsde plak. Nei in persoanlike kampanje op de trekker krige er lykwols mear as 26.000 foarkarstimmen, genôch foar in sit.
Syn ferkiezingsbelofte wie dat er him ynsette soe foar de lânbou en ek foar 'romte foar boeren om te ûndernimmen'.
Jan Huitema op in trekker
Jan Huitema op in trekker © Eigen foto
Huitema hat twa perioades yn it Europeesk Parlemint sitten. De earste perioade (2014-2019) siet er in de lânboukommisje, wylst hy de twadde perioade (2019-2024) yn de miljeukommisje sit.
Yn 2017 soarge Huitema foar in unikum, doe't er it Europeeske Parlemint yn it Frysk taspruts. Dat die er yn it ramt fan it 25-jierrich bestean fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. Om dêrby stil te stean, woene Europarlemintariërs dy't in minderheidstaal prate foar ien kear yn eigen taal in taspraak hâlde.
Jan Huitema yn 2017 yn it Europeesk Parlemint
Jan Huitema yn 2017 yn it Europeesk Parlemint © ANP
In jier ferlyn berikte Huitema in akkoart mei Eurokommissaris Frans Timmermans en de 27 lidsteaten oer it op termyn ôfskaffen fan auto's mei in benzine- of diselmotor. Huitema wie ûnderhanneler foar it Parlemint by it neffens saakkundigen histoaryske akkoart.
Huitema bliuwt oant juny 2024 aktyf yn it Europeesk Parlemint. Dan binne de nije ferkiezingen.