HEA! Massaazje foar hynders

HEA! Hyndermassaazje
Geduldich litte de hynders yn stâl Fan it Fjildhûs yn Marsum harren massearje. De dielnimmers oan de workshop hyndermassaazje oefenje harren krekt learde techniken.
Hyndermasseur Coby Kruis en stâleigener Harriët Wijnstra leare harren wêr't je om tinke moatte en hokker sinjalen de hynders jouwe.
Kruis begûn mei it massearjen by har eigen Fryske stamboekhynst Wytse 462. Wytse moast yn de dressuer ek op heech nivo prestearje en se fernaam dat massaazje him goed die.
Krekt as sporters ha hynders baat by it soepel meitsjen fan de spieren. Nei ferskate opliedings jout Kruis no sels workshops oan hyndereigeners.