Opfang fan dakleaze jongelju yn Ljouwert komt guon omwenners te tichtby

Gebou stiet ticht op de huzen fan de Elizabethstrjitte
Gebou stiet ticht op de huzen fan de Elizabethstrjitte © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Lûdsoerlêst, ferlies fan privacy en wengenot. Dêr binne buertbewenners benaud foar as it âlde belestingkantoar yn Ljouwert in opfangplak wurdt foar 48 dakleaze jongelju.
Omdat buertbewenners tinke dat de gemeente it plan hoe dan ek trochsette wol, binne se ûngerêst en hawwe se der stress fan.
Fan it gebou oan de Jacobs Catsplein 3 út sjogge je sa yn de huzen en de tunen fan de Elizabethstrjitte. Lykas dy fan Sjoerd Postma.
"Het gaat om de privacy en het in de tuin kunnen zitten. Vooral geluidsoverlast is hier een ding. Dat lijkt me gezien de levensfase waarin de jongeren zitten heel normaal. Maar we zitten zo ongeveer wel met onze neuzen tegen elkaar."
It âlde belestingkantoar oan it Jacob Catsplein
It âlde belestingkantoar oan it Jacob Catsplein © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Sa tinkt Ton Goossens fan in pear huzen fierder der ek oer. "Het is drie hoog en ze kijken bij je op tafel. Bovendien jongeren onder elkaar, die ontmoeten elkaar, die praten en maken het gezellig met een beetje muziek erbij. Dus zal er geluidsoverlast zijn."
"Het is een groot klankbord hier. Je hoeft maar een kuchje te doen en het geluid stijgt op en blijft hangen. Ze hebben ons bij het overleg bij de raad ook gezegd: ja, er zal overlast zijn. Daar kunnen we het dan mee doen. Dat vind ik erg teleurstellend."
Goossens sjocht fan syn tún út op de lokaasje
Goossens sjocht fan syn tún út op de lokaasje © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der binne ek grutte soargen oer de ynrinfunksje dy't ûnderyn it gebou komme sil. Dêr kinne dakleaze, ferslave jongelju mei fragen terjochte.
"Daar wordt een loket voor gecreëerd en dat gaat voor een bepaald soort verkeer zorgen. Daar verwachten we wel een mate van overlast van."
Postma doelt dan op in kommen en gean fan dealers en minsken dy't ferslave binne. "Ik weet het niet 100 procent zeker. Maar gezien de problematiek en het gedrag van de jongeren is die kans vrij reëel."

Skills in de Stad

"Het heeft een aanzuigende werking", tinkt ek Goossens. "Jongeren willen elkaar ontmoeten en iedereen heeft wel een kennis of een vriendje. Die komen ook langs."
It gebou fan it Jacob Catsplein ôf
It gebou fan it Jacob Catsplein ôf © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It projekt hat de namme 'Skills in de stad'. It is in gearwurking tusken de achttjin Fryske gemeenten, Leger des Heils, Wender en Limor. Oer de plannen is woansdeitejûn yn de Ljouwerter gemeenteried in debat.

Oer minsken hinne walse

Hinke Roorda fan de FNP is ien fan de riedsleden dy't op besite west hat yn de wyk om de situaasje te besjen en de klachten oan te hearren.
"Ik haw yn de tún sjoen nei de ôfstân nei it gebou en dan skrikke je. Dan kin ik my foarstelle dat de minsken harren soargen meitsje en de privacy kwyt binne."
Postma yn syn tún
Postma yn syn tún © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Roorda sil krityske fragen stelle yn it debat. Bygelyks oer wêrom't it plan al fan 2018 ôf rint en de minsken pas ferline moanne op de hichte steld binne.
"Dan komt it hiel rau op je dak. Se binne net meinaam yn it proses. Se binne net polske: wat soenen jo der fan fine en wat soe dat mei jo dwaan? Dat fyn ik oer de minsken hinne walse."