Sis it mar! komt werom: wy draaie watsto hearre wolst!

Sis it mar!
Sis it mar! © Omrop Fryslân
Sis it mar! komt werom, mei dit jier alwer de tredde edysje. Fan moandei 1 jannewaris oant en mei sneon 6 jannewaris, de hiele dei live op de radio. De hiele wike stiet de programmearring yn it teken fan fersykjes fan harkers. Wy draaie watsto hearre wolst!
De gewoane radioprogramma's binne yn dy wike gewoan te hearren, mar de muzyklisten geane oan 'e kant. De hiele wike presintearje der ék minsken dy't je eins nea op de radio hearre.
Mear as tritich presintatoaren binne ekstra ynpland, om der ek yn de jûntiid foar de harker te wêzen. Komst de bekende Omroppresintatoaren tsjin yn de programmearring, mar dy foarmje ek duo's mei Omropmeiwurkers. Mar wêrom is Sis it mar! no sa wichtich foar de programmearring?
As Omrop komme we dan hiel ticht by ús harkers.
Haadredakteur Ingrid Spijkers oer de wike fan Sis it mar!
"We starte yn it nije jier fuortendaliks mei Sis it mar!. De krystperioade is in tiid fan ferbining en dêr past Sis it mar! hiel goed by. Harkers kinne harren fersyk yntsjinje en harren ferhaal by it ferske kwyt", seit haadredakteur Ingrid Spijkers.
"As Omrop komme we dan hiel ticht by ús harkers. We sjogge faak dat op oanfragen fan ferskes ek wer reaksjes komme, dat is moai en in prachtige ferbining mei ús publyk."
Sis it mar! team 2024
Ferskate Omropmeiwurkers fersoargje yn jannewaris wer Sis it mar! © Omrop Fryslân
"It is bysûnder, want je draaie wat de harkers hearre wolle. Je helje hiele moaie ferhalen op", fertelle presintatoaren fan de edysje fan begjin 2023. "Minsken hawwe altiten in ferhaal by harren favorite nûmer."

Fersykjes en ferhalen

In grutte driuwfear fan Sis it mar! is de ûntfangst by de harkers. Sy wienen by en nei de foarige edysje entûsjast. "Wat in moaie dagen mei fersiken, ferhalen en âlde, bysûndere en gewoane muzyk!", sei Marianne.
"Machtich wat jim dizze wike dogge kwa muzyk", sei Tjibbe. "Ik bin net by de radio wei te slaan", stjoerde Anne. In oare harker slút ôf: "Ast allinnich bist, fielt it hiel goed as der minsken tichtby binne, lykas jimme op de radio. Gean sa troch!"
Sis it mar! is fan moandei 1 jannewaris oant en mei sneon 6 jannewaris, eltse dei fan 06.00 oant 01.00 oere te hearren by Omrop Fryslân. Fersykjes kinne oanfrege wurde fia de Omrop-app. Sjoch hjir foar alle ynformaasje.