Fryske kofergêsters ferlieze tsientûzenen euro's deis no't se op slot sitte

Kofergêster
De silo's fan de fergêsters op it hiem fan Jan Dirk Ubbels fan Jelsum © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
De soargen by de acht Fryske kofergêsters, dy't op slot sitte troch in te hege konsinstraasje amfetaminen, wurde hieltyd grutter. "Dit kost de getroffen bedrijven duizenden, zo niet tienduizenden, euro's per dag."
Boer Jan Dirk Ubbels fan Jelsum skept mei syn shovel in grutte lading blombollen de fergêster yn. Dêr duorret it sa'n tritich dagen foar't it, yn in mjuks mei ûnder oare kowedong en oare biologyske materialen, folslein ôfbrutsen is ta grien gas en saneamd digestaat.
Troch in lyts rútsje yn de ynstallaasje is te sjen hoe't it fergêstingsproses soarget foar ien grutte, protteljende massa yn de twa silo's op it hiem.
Yn in kofergêster wurdt dong fermingd mei biologysk ôffal, lykas blombollen of gers. It fergêstingsproses smyt grien gas op, mar der bliuwt ek saneamd digestaat oer. Dat kin brûkt wurde as dongstof op it lân.
By in earste kontrôle yn juny waarden yn 23 kofergêsters yn Fryslân, Grinslân en Drinte amfetaminen oantroffen yn it digestaat. By in twadde kontrôle yn oktober gie it om 21 bedriuwen.
It bedriuw fan Ubbels leveret 300 kúb grien gas oan it gasnet fan Ljouwert. Om't syn bedriuw op slot set is, mei hy it digestaat net útride. Dêrom slacht hy it op it stuit op. Mar der komt in momint dat dy ekstra opslach fol sit, seit de boer.
Jan Dirk Ubbels is eigener fan in kofergêster: "Wij willen duidelijkheid"
By de stekproef, útfierd troch de FUMO, wurde meardere meunsters ûndersocht. Dêrby wurdt elke kear by ien kilo digestaat besjoen hokker stoffen deryn sitte. By de bedriuwen dy't no op slot sitte, gie it om wearden fan 12 oant 50 mikrogram amfetamine de kilo.

'Anderhalf suikerklontje'

Neffens Ubbels binne dy wearden minimaal. "Als er minder dan tien microgram amfetaminen per kilo digestaat in de vergister zit, kan de apparatuur het niet eens meten."
Fergêster covergister
Sa sjocht it der yn de fergêster út © Alle Faber, Omrop Fryslân
Ubbels rekkenet foar hoefolle 10 mikrogram is. "Als je het hebt over tien microgram per kilo betekent dat, bij twee vergisters zoals bij mij op het bedrijf, een totale hoeveelheid van anderhalf suikerklontje."

Drugsôffal

It is noch altyd net dúdlik wêr't de oantroffen amfetaminen krekt weikomme. Yn earste ynstânsje waard tocht oan drugsôffal.
"Dat is in eerste instantie geen gekke gedachte", seit Ruud Paap fan belange-organisaasje Platform Groen Gas. "In theorie kun je je best voorstellen dat er ergens in een mestkelder of een transport van biomateriaal iets wordt gedumpt."
Dochs slút Paap dizze opsje út: "Elke kilo amfetamine die je maakt, levert tientallen kilo's afval op. Dan is het wel gek dat die afvalstoffen helemaal niet zijn aangetroffen, maar de amfetamine wel. Dat is eigenaardig."
Als er geen schadelijke effecten voor de gezondheid te verwachten zijn, lijkt het mij sterk dat er nog argumenten zijn om deze vergisters langer op slot te houden.
Ruud Paap fan belange-organisaasje Platform Groen Gas oer de fergêsters dy't op slot sitte
Boppedat is der neat fûn tusken it guod dat de fergêster yn giet, mar is de amfetamine wol oantroffen yn it digestaat dat der wer útkomt. "Dat zijn allemaal aanwijzingen dat die drugsdumpingen toch niet zo waarschijnlijk zijn."

Natuerlike wize

De belange-organisaasje hat yntusken it fermoeden dat de oantroffen amfetaminen op natuerlike wize oanmakke wurde yn de fergêsters. It soe dan gean om in byprodukt fan it fergistingsproses.
Platform Groen Gas lit útsykje oft amfetamine ek op natuerlike wize oanmakke wurde kin yn de fergêsters
De kommende wiken moatte der neffens Paap twa dingen barre. "Dit kost de getroffen bedrijven duizenden, zo niet tienduizenden, euro's. Per dag", seit hy. "Daarom moeten we heel hard op zoek naar waar dit nou vandaan komt. Tegelijkertijd moeten we kijken of deze maatregel, dat deze bedrijven op slot gezet zijn, nog wel in proportie is met het effect."
Hy fynt dat de bedriuwen ynkoarten wer hielendal draaie kinne. "Als blijkt dat er geen schadelijke effecten te verwachten zijn, lijkt het mij sterk dat er nog argumenten zijn om deze vergisters langer op slot te houden."