Gemeenten mei streeksikehûzen diele soargen oer takomst mei Den Haag

siekehûs
Wethâlder Poelman en Fleur Agema harkje nei in sikehûsdokter © Omrop Fryslân
In delegaasje fan gemeenten mei in streeksikehûs hat tiisdei in petysje oanbean oan de Twadde Keamer om omtinken te freegjen foar de posysje fan dy sikehûzen.
Ut namme fan de gemeente Súdwest-Fryslân wie wethâlder Marianne Poelman yn Den Haag. De gemeenten ha noed oer de takomst fan de sikehûzen. Rûnom wurde belangrike ôfdielings of somtiden hiele sikehûzen sletten.
Oanbieden petysje oan Twadde Keamer
Dat driget ek foar it Antonius Ziekenhuis yn Snits en de Tjongerschans op It Hearrenfean. De gemeenten roppe de nije Twadde Keamer op om kwalitatyf goeie regionale sikehûzen oerein te hâlden.

Measte kilometers

Friezen meitsje fierwei de measte kilometers om by in sikehûs te kommen: yn ferliking mei de rest fan it lân is de ôfstân ta de soarch grut. As de fúzje trochgiet, wurde dat der foar in soad minsken allinnich mar mear.